Wolvegeaster topsjef Jan Smink wint prestizjeuze priis Le Taittinger yn Londen

Jan Smink © Omrop Fryslân
Sjef Jan Smink fan Restaurant Smink yn Wolvegea hat de wrâldbeker fan de itensiederswedstriid Le Taittinger wûn. Dat is in kulinêre priis fan in ynternasjonale wedstriid yn Londen.
Smink, dy't earder wurke by Lauswolt en De Librije, hie faker meidien oan de wedstriid, mar noch net earder wûn. Yn 2020 en ferline jier waard er tredde.
Le Taittinger is neamd nei it âldste sjampanjehûs fan Frankryk, dat al yn de tredde iuw bestie. Dit wie de 55e edysje fan de wedstriid.
Dit jier stried Smink tsjin sân ynternasjonale topsjefs om in haadpriis fan 20.000 euro. Hy moast in gerjocht meitsje op basis fan baarch en in gerjocht dat pas in dei fan tefoaren bekend makke waard.
Jan Smink mei syn earste priis op Le Taittinger Prix Culinaire © Jan Smink
"'s Avonds en 's nachts heb je dan de tijd om na te denken over het gerecht", fertelt er. "Het echte koken hiervan vond de volgende dag plaats. De opdracht was om binnen vier uur een hoofdgerecht op basis van varken te koken én het gerecht dat we de avond ervoor doorgekregen hadden, alles voor 8 borden."
Nei de presintaasje fan it iten folge in petear mei de sjuery, wêryn't de sjefs harren oanpak fertelden. De útslach waard bekend op it galadiner yn de Royal Albert Hall.