HEA! Mei-inoar oan it miel

HEA! Ytsalon Koatstertille
Mei-inoar genietsje fan it iten en tagelyk gesellich wat prate en kontakten opdwaan. Dat is de bedoeling fan de Ytsalon yn Koatstertille. Ien kear yn 'e moanne meitsje frijwilligers dêr in lekker miel foar de gasten.
It is lekker drok yn It Tillehûs. De gasten arrivearje, wylst yn de keuken de lêste hân lein wurdt oan it iten. Dizze kear is it in ferrassingsmenu: sop fan knolselderij en in tonynsalade. Dat falt goed yn 'e smaak by de iters, want sels ris in kear net hoege te itensieden en je ferrasse te litten is bêst noflik.