Elly van der Goot folget Stef Avezaat op as direkteur fan De Lawei

Elly van der Goot © Saskia Bruinsma
Elly van der Goot is mei yngong fan 1 maart 2023 de nije direkteur-bestjoerder fan skouboarch De Lawei yn Drachten. Se folget dêrmei Stef Avezaat op, dy't sûnt 2003 dizze funksje hie. Hy giet mei pensjoen.
Van der Goot (51) ken it kulturele libben yn Smellingerlân goed. Se wie ôfrûne njoggen jier ynterimmanager. Under mear as saaklik direkteur fan Museum DR8888. Benammen op it mêd fan kultuer en frijetiidsekonomy. Ek wie se liedingjaande by de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.