"Wol pake de kofje oanjaan?" Gerbrich de Jong docht ûndersyk nei 'Fryske' oansprekfoarm

© Shutterstock.com (Gigra)
De Fryske taal hat moaie eigenaardichheden en ien dêrfan is de oansprekfoarm yn de tredde persoan. Dêrby brûkst gjin 'do' of 'jo', mar seist bygelyks: wol pake de kofje oanjaan? Gerbrich de Jong hat in promoasjebeurs krigen om dêr ûndersyk nei te dwaan.
It giet om in yndirekte oansprekfoarm. Troch te sizzen "kin buorfrou de doar iependwaan?", geane je it brûken fan 'do' of 'jo' út de wei. Mar yn in soad gefallen is it ek in teken fan hoflikens. Faak wurdt it ek yn de famylje brûkt tsjin âldere minsken, lykas beppe of heit.

Promoasjebeurs

Gerbrich de Jong is fan doel op dizze oansprekfoarm yn de tredde persoan te promovearjen. Se wurket al sa'n sân jier as dosinte Frysk foar de learare-oplieding fan NHL Stenden. Moandei waard bekend dat De Jong ien fan de 23 dosinten is dy't in beurs krijt, wêrmei't se tiid frijspylje kinne om te promovearjen.
Gerbrich de Jong © NHL Stenden
"No ha ik echt de tiid om dit ûndersyk te dwaan", fertelt se. "Oant no ta wie it mear hobbywurk, it wie in belangstelling fan my. Mar ik hie der gjin tiid foar. Troch dizze beurs wurd ik twa dagen yn de wike frijholden om dit te dwaan."

In grutter ûndersyk nei de oansprekfoarm

Yn 2014 skreau De Jong mei Femke Swarte al in artikel foar de Ryksuniversiteit Grins oer de akseptaasje fan de 'treddepersoansoansprekfoarm' yn it Nederlânsk. Dêr kamen al in tal moaie konklúzjes út, mar it rôp ek om in ferfolch.
Guon kollega's dy't net út Fryslân komme en mei dizze foarm oansprutsen wurde, fine dat nuver.
Gerbrich de Jong
Ien fan de saken dy't se witte wol, is hoe bot oft de foarm eins brûkt wurdt yn Fryslân. "Myn yndruk is dat it foaral yn de famyljesfear frij gebrûklik is: tsjin pake en beppe, tsjin heit en mem. Mar der binne ek minsken dy't it dogge tsjin buorman en buorfrou en dosinten."
Dat lêste is foar guon dosinten wol wat apart. "Ik wurd sels ek wol yn de tredde persoan oansprutsen troch guon studinten. Mar guon kollega's dy't net út Fryslân komme en ek sa oansprutsen wurde, fine dat nuver."
De studinten bedoele it lykwols goed, leit De Jong út. "Want 'jij' fine se raar en 'u' fine se te ôfstanlik. Dêrom brûke se dan de foarnamme."
Gerbrich de Jong wurket as dosinte Frysk op NHL Stenden © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Foar De Jong steane fjouwer fragen sintraal. Earst: wêr komt de oansprekfoarm eins wei? Dêrfoar wol se de skiednis yndûke om te sjen wannear't de foarm ûntstien is. "Hoe komt it bygelyks dat dizze foarm yn it Frysk sa sterk stiet? Yn it Nederlânsk wie it oait ek gebrûklik, mar no net mear. Wêrom yn it Frysk dan wol?"

Foaral yn de Wâlden?

Twads: hoe wurdt de oansprekfoarm hjoed-de-dei brûkt? Sa die earder bliken dat der mooglik regionale ferskillen binne: dat de foarm bygelyks yn de Wâlden mear brûkt wurdt as yn de súdwesthoeke. "Ik ha in freon út Warkum. Dy fynt it hiel apart dat ik myn âlders op dizze manier oansprek, hy hie der noch noait fan heard."
In regionale faktor is der dus, mar dêr is noait systematysk ûndersyk nei dien, seit De Jong. "Dêrom wol ik de provinsje yn, nei skoallen ta. Dêr wol ik bern fan 15 jier freegje hoe't se har âlders, pake en beppe en oare minsken oansprekke. Sa kin ik hooplik ek grip krije op de regionale ferskillen."
Treds konstatearret De Jong dat yn it Nederlânsk 'jij' yn opkomst is, sy wol witte oft der yn it Frysk stadichoan ek mear 'doke' wurdt. En fjirds: wat is krekt de ympakt fan de oansprekfoarm?

Mear bewustwurding en wurdearring

It is gjin typysk Fryske foarm, wit De Jong al wol. It gebeurt ek wol by Grinslanners, seit se. Dus it is net unyk foar Fryslân. Yn it Nederlânsk wurdt de foarm tsjintwurdich noch wol brûkt, mar yn oare situaasjes.
Dan gebeurt it fan 'heech nei leech', omskriuwt De Jong. "Bygelyks tsjin bisten of lytse bern. It is net gebrûklik om de foarm te brûken tsjin ien dêr'tst just respektfol of fatsoenlik wêze wolst."
Dêrom sjogge Nederlânsktaligen somtiden nuver op as de foarm tsjin har brûkt wurdt. It ûndersyk moat dêrom net allinne wittenskiplik wêze, De Jong hopet just dat it ek wat bewustwurding opsmite kin. En wat wurdearring, foar dy nuveraardige, mar fatsoenlike oansprekfoarm yn it Frysk.