Datalek by gemeente Smellingerlân troch dûbeldsidige brieven

© Shutterstock
Troch in minsklike flater by de gemeente Smellingerlân ha ynwenners mei in betellingsefterstân gegevens fan oare ynwenners lêze kinnen. De gemeente woe 192 ynwenners in brief stjoere, mar drukte by fersin op de efterkant fan elke brief in twadde brief ôf.
Dy twadde brief wie bedoeld foar in oar. Dêrtroch krigen 96 minsken in brief mei op de efterkant gegevens fan oare ynwenners mei in betellingsefterstân.

Datalek

Doe't de fout ûntdutsen waard, hat de gemeente it datalek sels melden by de Autoriteit Persoonsgegevens. De 192 ynwenners krije in nije brief, mei ekskuses fan de gemeente. Der wurdt mei de belutsen meiwurkers praat om foar te kommen dat dit soarte fan flaters op 'e nij makke wurde.