Joost en NNO by earste nammen foar Lowlands 2023

Joost op Lowlands 2019 © ANP
Joost en it Noord Nederlands Orkest spylje takom augustus op Lowlands, ien fan de grutste festivals fan Nederlân. Se hearre by de earste 39 nammen dy't it festival oankundige hat.
Joost Klein, opgroeid yn Britsum, spile it ôfrûne jier ûnder oare op Pinkpop en yn 2019 ek alris op Lowlands. Hy waard twa wiken lyn op it Popgala Noord útroppen as bêste artyst.
Yn syn optredens toant Joost faak syn Fryske achtergrûn, mei bygelyks Fryske flaggen en Fryske teksten op it grutte skerm achter it poadium.
It Noord Nederlands Orkest soe ôfrûne jier al op Lowlands spylje, mar dat gong oer: it orkest mei 160 minsken waard ôfsein, omdat de tariedingen op de show fan headliner Stromae útrûnen. Lowlands hie doe al tasein dat it NNO dit jier in nije útnûging krije soe.