Kolleezje oer de Plastic Soup: "Elkenien hat der elke dei mei te krijen"

De Plastic Soup, de opwaarming fan de ierde, grûnstoffen dy't op reitsje: it binne problemen wêrfan't de oplossingen faak fier fuort lykje. Dochs kin eltsenien bydrage oan de oplossing. It is neffens 'Natuurfaam' Lemke Statema in kwestje fan ynformearjen en bewustwurding.
Statema jout woansdei dêrom in Plastic Soup-kolleezje yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. "It is benammen hiel aardich dat minsken harren eigen ûnderfiningen ek diele kinne. Fansels ha ik sels ek de nedige ûnderfining opdien yn it werombringen fan plestikgebrûk."
It giet neffens har om de ynteraksje mei syn allen. "Dat je je net machteleas fiele as in lytse skeakel yn it hiele gehiel. Je kinne sels wol deeglik wat dwaan."
Fersoargingsprodukten
Mar wat kinne je sels dan krekt dwaan? "In hiel soad minsken witte net dat der yn in hiel soad fersoargingsprodukten lytse plestikdieltsjes sitte. Dat sit bygelyks yn toskpoetsersguod, skearskûm, gel of sjampoo. Dêr binne ek in soad goede karren dy'tst meitsje kinst, dêr't it net yn sit. Dan komt it ek net yn it wetter."
"Dêrnjonken kinst ek konsuminderje, dêr falt in hiel soad ûnder. Minder klean keapje, gewoan alles wat minder. Kinst ek opromje."
It opromjen fan plestikôffal op strjitte soarget derfoar dat dat net yn de see bedarret, seit Statema. "Dat probleem liket hiel fier fuort, de Plastic Soup is yn de oseaan en dat is fier fan ús ôf."

Mar yn werklikheid is dat probleem hielendal net sa fier fuort, seit de 'Natuurfaam'. "Al dat ôffal falt hiel langsum útinoar, úteinlik wurde it sokke lytse dieltsjes dat it al yn ús drinkwetter telâne komt. Dus elkenien hat der elke dei mei te krijen."
Dat sil woansdei ek it boadskip fan it kolleezje wêze. Hieltyd mear minsken hawwe ynteresse foar de plestikproblematyk, fernimt Statema. "Mar dat it oeral sit, yn safolle produkten, dat witte minsken faak noch net."