Hilda Veenstra yn Jakarta: Bahasa Indonesia, ien fan de fiif maklikste talen om te learen

Hilda Veenstra yn Yndonezië © Hilde Veenstra
De coronatiid wie foar Hilda Veenstra fan Drachten en har freon Jelle oanlieding om it roer om te smiten. Se ferhuzen nei Yndonezië en wurkje dêr ek. De taal leare heart derby as emigrearrest en dat falt ta, want Bahasa Indonesia is net sa dreech.
Hilda Veenstra (32) is hikke en tein yn Drachten en wennet no op 40ste ferdjipping fan in flat yn de Yndonezyske haadstêd Jakarta. Dêr hat se in moai útsjoch oer de miljoenestêd. "Jûns is it in moai gesicht mei al dy ljochtsjes."

"Nij aventoer, nije stêd, nij wurk"

Sûnt oktober wennet Hilda yn Jakarta, mei har freon Jelle. Yn har stúdzjetiid hie se al in pear kear nei Azië west. Dat foldie goed. Troch de coronatiid wiene Jelle en sy ta oan wat oars. "Nij aventoer, nije stêd, nij wurk."
Se sochten en fûnen beide in baan yn Jakarta.. Hilda koe foar har wurk yn Nederlân by suvelkonsern Friesland Campina oan de slach by Frisian Flag yn Yndonezië. Dus oan Fryske flaggen en pompeblêden gjin gebrek foar har om utens. Har freon Jelle wurket by in webwinkel.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Yn de pear moanne dat se no yn Jakarta wennet, hat se benammen dwaande west mei praktyske saken. Dingen dy't yn Nederlân maklik te regeljen binne, binne yn Yndonezië in stik lestiger, lykas in bankrekken iepenje of in hûs sykje.

Net alle dagen oeren yn de file

Hilda en Jelle woene bewust pas in wenplak sykje as se yn Jakarta sels sieten en net yn it foar yn Nederlân. Jakarta is in drokke stêd mei in soad ferkear. It is wichtich om in wenplak te finen dêr'tst net alle dagen oeren yn de file stean stiest nei dyn wurk.
"Jakarta is supergrut en drok. Der wenje tritich miljoen minsken. Oer in ôfstân dy't op de kaart mar in kilometer of 2 is, kinst yn de praktyk samar wol mear as in oere dwaan."
Mar yn in grutte stêd hast ek in soad kar om te wenjen. Se wenje no yn in moai appartemint mei sportskoalle en swimbad.
Hilda Veenstra mei har freon Jelle yn Yndonezië © Eigen foto
In oar foardiel fan Jakarta is dat de grutte stêd in prima útfalsbasis is om yn de frije tiid de rest fan Yndonezië te besjen. "It is in fantastysk grut lân mei in soad eillannen en ferskate soarten kultuer en natuer."

Taal

It is wol handich ast de taal wat kenst en dêrom sit Hilda op les. "Ik doch myn bêst. It giet stapke foar stapke foarút." Se fynt it hielendal gjin drege taal om te learen. "De Yndonezyske taal heart by de fiif maklikste talen fan de wrâld."
Utsjoch yn it appartemint op de 40ste ferdjipping © Eigen foto
Sa hast it meartal fan in wurd ast twa kear datselde wurd achterinoar seist. En omdat Ynje yn it ferline in Nederlânske koloanje wie, binne der Nederlânske wurden yn de taal opnaam. "Notaris, kantoor of gordijn. 'Te laat' fyn ik ek in moai Nederlânsk wurd." Op har wurk stekt se net folle Yndonezysk op, want dêr is alles yn it Ingelsk.
It plan is foarearst twa jier te bliuwen. Njonken de natuer en de frisse licht mist Hilda Veenstra har famylje. "Mar famylje mist altyd ast yn it bûtenlân sitst. Us heit en mem komme hjir oer in wike of trije."