Resinsje Bingo: In pearel fan in foarstelling oer earmoed

Henk te Biesebeek beskôget Bingo © Omrop Fryslân
De foarstelling Bingo mei Tamara Schoppert giet yn 'e reprize. Moai! Bingo is in pearel fan in foarstelling. Oer earmoed. Dat dan wol wer...
Se komt te let binnen. Tine, de frou dy't de baltsjes fan de bingo rôlje litte moat. En se nimt it publyk daliks mei yn har ferûntskuldiging. Dat har mem krektlyn ferstoarn is. Dat se de tiid fergetten wie doe't se niiskrekt noch eefkes it âlderlik hûs besocht. Hoe keal en suterich oft har mem eins wenne. Symboalysk foar har libben en karakter. "Sa strang, sa deun. Neat koe."

Kâld

Sels it hûntsje dat heit foar Tine meibrocht moast daliks nei it asyl werom. Want mem wie fiis fan it rudige bist. It oardiel fan Tine oer har mem klinkt nochteren en kâld. Begrutsjen is net op syn plak. Ommers, mem hie tsien jier lyn alle kontakt mei har ferbrutsen. "Do hoechst net wer te kommen, hear famke." Mar no gjin tiid mear foar geëamel. Lit de baltsjes rôlje, meitsje de priiswinnende nûmers bekend. De heechste tiid foar Bingo!
Mei keunst de earmoed bestride © Ruben van Vliet
De foarstelling is ferline jier ûntstien op inisjatyf fan de stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân. Koördinator Douwe Beimin woe dêrmei de earmoed ûnder de âlderein yn byld bringe. Benammen besprekber meitsje.
De taskôgers koene nei ôfrin fan it stik mei-inoar oer har eigen situaasje prate. En oer de iensumens dy't earmoed gauris mei him meibringt. PAS Fryslân hie spesjaal foar de foarstelling 'buddys' oplaat, dy't keppele wurde koene oan senioaren dy't help nedich hiene.
Aktrise Tamara Schoppert en har selskip 'Ploech en eide' naam de útdaging oan om in stik te meitsjen oer dizze problematyk. Herman van de Wijdeveen skreau de tekst. Yn it Hollânsk.

Praatgroepen

De foarstelling waard bewust net yn it teäter, mar yn doarpshuzen en buerthuzen spile. En it wie boppedat fergees tagonklik. It waard in sukses.
Reden foar Tryater om it stik no ek yn in Fryske ferzje te bringen. Op 'e nij mei Tamara yn de haadrol. Ek de praatgroepen en helpferliening nei ôfrin binne bleaun.
Kompleet mei kraskaarten en in tafel fol pryskes © Ruben van Vliet
En sa wurdt keunst ynset om in maatskiplik doel te berikken. Al mei de artistike wearde wat Tamara Schoppert oanbelanget dêrby net ûndersnije. It is om de drommel wol echt toaniel wat op de planken brocht wurdt. Gjin Spielerei.

Metamorfoaze

Lit dat gerêst oan de haadrolspylster oer. Prachtich dy metamorfoaze yn ien persoan. Fan de fleurige bingomaster nei de dochter dy't fynt dat mem har yn de kjeld stean litten hat.
Of is it krekt oarsom? Want neat is wat it liket. "Earmoed makket fan jo ien dy't jo net wêze wolle", is de bittere slotkonklúzje fan de dochter.
Mar foardat it safier is, wurdt tuskentroch noch echt bingo spile. Kompleet mei kraskaarten en in tafel fol prizen. En fansels de bingoballemole wêrmei't de priiswinnende nûmers bekend makke wurde.
Nûmers dy't oantinkens oproppe. Bygelyks nûmer sân. Foar Tine stiet dat foar de Sân Deugden, wêrfan't neffens har mem 'gematigheid' it dreechst fol te hâlden is.
Toaniel blinder, gjin Spielerei © Ruben van Vliet
Klikklak. Tine sketst it publyk de bylden út har bernetiid. Sjoen troch de viewmaster dy't se as bern sa graach hawwe woe, mar nea krije soe. Klikklak.
De aktrise dy't de taskôger by de hân nimt. En tink derom, neat is wat it liket. Utsein dy iene foto. Dy't de mem op it fuotstik set, dêr't de heit krekt fanôf tûmele is. Mei in klap. Klikklak.

Ynflaasje

Douwe Beimin toande him nei de premjêre ek tefreden oer de Fryske ferzje fan Bingo. Noch tichterby. Dus moai dat Tryater dizze foarstelling nei ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje bringt. Spitich dat yn earmoed no ek de ynflaasje taslacht. Foar in kaartsje moat nammentlik no wol betelle wurde...
Dy iene foto... © Ruben van Vliet
Lit dat asjebleaft foar nimmen in behindering wêze. De foarstelling biedt net allinnich in fermaaklike jûn, wêrby't ek noch pryskes te winnen binne, mar konfrontearret de taskôger op subtile wize mei de grauwe pôk dy't earmoed hjit.
En hoe't we boppe-al skuld en skamte ôfsmite moatte foardat we wurde dy't we net wêze wolle. En in dochter har mem wer yn leafde weromfynt. Moai!