Soarchynstelling en flechtlingen yn eardere gebou De Friesland yn Ljouwert

It eardere kompleks fan De Friesland © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It eardere gebou fan soarchfersekerder De Friesland sil foar de helte ferhierd wurde oan in grutte soarchynstelling. Yn in oar part fan it kompleks oan de Harnzertrekwei komme mear as 200 Oekraynske flechtlingen. It is ien fan de twa nije opfanglokaasjes.
It eardere plan om de kantoaren fan it De Friesland-gebou te ferbouwen ta in wenkompleks mei apparteminten is fan tafel. Neffens eigener Reinoud van der Bos fan Harns Invest hat dat ûnder oare te krijen mei de feroarjende wenningmerk. "De hypotheekrente is verviervoudigd en de bouwkosten zijn explosief gestegen. Daardoor is er veel onzekerheid."

Soarch foar âlderein

Ek it feit dat in grutte soarchferliener de kantoaren foar tsien jier hiere wol, spilet in wichtige rol. "Het kwam voor ons als een verrassing dat er een instelling was die zoveel vierkante meters kantoor wilde huren. We dachten dat dat na corona passé was."
Van der Bos wol net sizze hokker soarchynstelling yn it kompleks komme sil. "Het is een zorgverlener die zich bezighoudt met ouderenhuisvesting. Voor alle duidelijkheid: de ouderen komen hier niet te wonen, de instelling zal het als kantoor gebruiken voor het ondersteunend personeel."
Reinoud van der Bos fan Harns Invest
Op dit stuit sitte der ûndernimmers yn it pân dy't fia it anty-kraakbedriuw Carex de kantoaren brûke. Sy moatte der foar de ein fan febrewaris út wêze.

Twa nije opfanglokaasjes

Gemeente Ljouwert iepenet dizze maitiid net ien, mar twa nije opfangplakken foar Oekraynske flechtlingen, no't de kontrakten mei opfangsintra Oer 't Hout yn Grou en Nieuw Mellens yn Ljouwert ôfrinne.
Earder waard al bekend dat der ek Oekraïners oan de Julianaleane en op stedscamping De Wetterpôlle opfongen wurde. Dêrom komme der opfangplakken yn it eardere gebou fan soarchfersekerder De Friesland en op it eardere Brada-terrein De Pier. De gemeente hopet dat dy plakken yn maaie klear binne foar de opfang.

Mear Oekraynske flechtlingen

Wethâlder Nathalie Kramers leit út dat it ferfallen fan de opfangen yn Grou en Ljouwert net de iennige reden foar de nije opfanglokaasjes is. "Ook duurt de opvang langer en de groep die we op hebben te vangen is ook groter. We hebben op dit moment een groep van 575 Oekraïense vluchtelingen en dat gaat naar bijna 700. Daar moeten we toch op voorbereid zijn."
Wethâlder Nathalie Kramers © LEO Middelsé, Lennard Geerts
De gemeente hat sjoen nei wat der beskikber wie. "Dan ben je zo een paar maanden bezig om te kijken of het mogelijk is en het past. De eigenaar van het pand van De Friesland zei wel één toren beschikbaar te hebben die we konden inrichten. Het Brada-terrein gaat op termijn in de Spoordok-ontwikkelingen mee. Maar pas als laatste, dus er hoeft heel lang nog niet iets anders op. Dat kunnen we de komende jaren goed gebruiken voor flexunits."
Wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert