Doarpsbewenners krije foarrang by tawizing hierhuzen Elkien

Wenningbouferiening Elkien wol eigen ynwenners fan doarpen foarrang jaan by de tawizing fan hierhuzen. Dat makke direkteur-bestjoerder Chantal Droste tiisdeitejûn bekend op in gearkomste oer wenjen yn Wergea.
Droste ken net ien wenningboukorporaasje dy't sa'n tawizingsbelied hantearret. "Wij zijn de eerste", stelt se. Wethâlder Hein de Haan fynt it in geweldich plan.
Helte fan huzen foar ynwenners doarp
It giet om in proef fan twa jier yn 36 middelgrutte doarpen fan it wurkgebiet fan Elkien. "Daar willen we de helft van de huurwoningen die vrijkomen, toewijzen aan de mensen die een sociale binding hebben met het dorp."
Elkien hantearret dêrby twa betingsten. "Als je het afgelopen jaar onafgebroken in het dorp hebt gewoond of als je van de laatste tien jaar er zes in het dorp hebt gewoond, krijg je voorrang." Elkien hat juristen útsykje litten oft dit mei en it past binnen alle regels, sa seit Droste.
Nie twa jier wurdt sjoen oft de proef slagge is. "Als de leefbaarheid toeneemt en veel huizen worden toegewezen aan dorpsbewoners, dan wordt het vast beleid."
Noed oer leefberens
Dat minsken yn Wergea foarrang krije, is in goeie saak, seit Hendrik Fridsma fan de wurkgroep Wenje yn Wergea. "Wy binne der foar dat Wergeasters hjir bliuwe kinne."
Fridsma hat noed oar de leefberens. "De sosjale kohesy, op elkoar passe, stiet ûnder druk. Je fernimme dat yn it ferieningslibben. Se fine it moai dat der fan alles organisearre wurdt, mar stekke sels de hannen net út de mouwen."
Op de gearkomste yn Wergea waard fierder bekend makke dat der plannen binne foar de bou fan 51 nije wenningen yn it doarp.