It Fryske Gea wol gruttere skieppekoai om Bakkefeanster keppel te beskermjen

In skiep © Omrop Fryslân
It Fryske Gea wol graach de skieppekoai útwreidzje foar de Bakkefeanster keppel. Dan kinne se mear skiep hâlde, yn stee fan lease.
De skieppekeppel fan It Fryske Gea yn Bakkefean hat in mobile koai, dy't ek tsjinnet as beskerming tsjin de wolf. It is in sukses, want der binne gjin skiep mear deabiten.
De boppekant fan de mobile koai is in tintedoek dat skansearre rekket as der bygelyks snie op leit. Yn de winter kin dy der dus net stean. Dêrom wol It Fryske Gea graach de binnenkoai útwreidzje, sadat der mear skiep foar it lânskipsbehear hâlden wurde kinne.

Lease net ideaal

Op dit stuit is de keppel yn de winter lytser as yn de simmer, seit distriktshaad Michel Krol: "Wy lease foar takom jier in keppel. De ûnderfiningen mei de tinte yn de winter binne gewoan net goed."
Mar dat leasen is net ideaal: "Wy binne in erkend fokstasjon foar it Drintske Heideskiep en wy wolle dus ek wurkje mei eigen fee. Ast wurkjen giest mei fee fan oare minsken, hast kâns dat de sûnens fan it fee minder wurdt."
De skieppekoai yn Bakkefean moat grutter
Hoeder Johan Roest hopet dat de koai der gau komt. Mei de komst fan de wolf is it nedich: "De skiep kinne net samar bûtendoar. Dus dan moatte we ek de fasiliteiten hawwe foar in nije keppel. Yn it ferline wie it ek sa: de skiep wienen altyd binnen. Dus we gean wer werom nei âlde tiden. Je kinne net alles yn de stekken sette foar de wolf, dus in koai is in tûkere oplossing."

De wolf en de hûn

Roest fernimt de opmars fan de wolf yn syn wurk: "Je wurde wol wat alerter. Je sjogge oft der spoaren of feroaringen yn it terrein binne. Oant no ta ha ik allinnich mar spoaren sjoen. Mar it fielt oars as foar dy tiid."
Neffens Michel Krol is it in syktocht om de balâns te finen tusken natuer en wolf
Dochs is de wolf net it iennige probleem. De omkriten fan Bakkefean binne tige populêr om yn te kuierjen mei de hûn. Net eltsenien hâldt him oan de regels: "Ik ha wolris in hûn yn de keppel hân. De eigeners fûnen dat it wol koe. Der steane buordsjes om de hûn oan de line te hâlden. Dan moatte je dat ek gewoan dwaan. Ik doch gewoan myn wurk mei de skiep, sa wurd ik steurd yn myn wurksumheden."
Krol is it dêrmei iens dat: "Wy hawwe hjir yn Bakkefean elts jier ynsidinten mei losrinnende hûnen. Dat probleem is foar ús as Fryske Gea folle grutter as de wolf. Dy is hjir noch net in grut probleem. Mar wy hawwe dan ek ús hiele heidebehear derop oanpast."