Sportklup Hearrenfean hat oanfaller Osame Sahraoui binnen

Sportklup Hearrenfean nimt de 21-jierrige Osame Sahraoui oer fan de Noarske klup Vålerenga IF. De fleugeloanfaller tekenet in kontrakt oant 2026 by de Feansters.
Sahraoui is Noarsk jeugdynternasjonal. Yn 2020 debutearre hy yn it betelle fuotbal. Sûnt dy tiid kaam hy ta 84 wedstriden, wêryn't er 13 kear skoarde. Sahraoui wie dêrnjonken goed foar 19 assists.
"Hij staat bekend als een begaafd talent en wij denken dat hij zich hier uitstekend verder kan ontwikkelen. Met hem erbij krijgen we meer opties voorin", seit technysk manager Ferry de Haan oer de Noarske oanfaller.
Sahraoui is net de iennige Noar dy't hjoed tekene yn it Abe Lenstra Stadion. Ek Daniël Karlsbakk komt Hearrenfean fersterkjen.