Bruma en Karlsbakk koenen nei meardere klups, mar kar foar sc Hearrenfean wie 'no-brainer'

Ferdigener Jeffrey Bruma koe kieze út meardere klups, mar rekke oertsjûge nei de goede petearen mei sc Hearrenfean. Dat sei Bruma tiisdeitemiddei by syn presintaasje.
Bruma hat 25 ynterlâns op syn namme stean, mar nei 2016 rekke hy troch meardere redenen wat bûten byld. De lêste klup dêr't de no 31-jierrige ferdigener foar spile, wie Kasimpasa út Istanbul, mar dêr gie it ynienen mis.
Bruma siet oardel jier yn Turkije, mar krige fan de iene op de oare dei te hearren dat hy en twa oare spilers fuort moasten. "Ik heb mijn contract daar laten ontbinden. Ik kreeg te horen dat ik moest vertrekken. De echte reden heb ik niet te horen gekregen. Ik heb het snel geaccepteerd en het aan mijn zaakwaarnemer voorgelegd. Al snel kwam Heerenveen uit de koker rollen."
Hy koe nei meardere klups, sa wie ek FC Groningen foar Bruma yn de merk, mar hy keas al frij gau foar Hearrenfean. "De gesprekken bevielen goed, moet ik zeggen. De gesprekken met Ferry de Haan en Kees van Wonderen hebben me over de streep getrokken. Ze waren snel duidelijk en ik wil graag helpen met het behalen van de play-offs. En ik wil natuurlijk spelen."
Net langer as in heal seizoen
Bruma hat tekene foar in heal seizoen. Dat binne miskien dus mar sechstjin wedstriden yn de earedivyzje. Dat hat benammen te krijen mei de blessuere fan ferdigener Sven van Beek. "Vanwege de blessure van Sven zeiden we: eerst maar voor een halfjaar tekenen en dan zien we in de zomer wel verder. Als het bevalt, kunnen we altijd weer om de tafel gaan."
Jeffrey Bruma tekenet earst foar in healjier
Yn 2010 makke Bruma yn in oefenwedstriid tsjin Oekraïne syn debút yn it Nederlânsk alvetal. Bruma spile dêrnei noch 25 wedstriden foar Oranje, mar dat wiene benammen kwalifikaasjewedstriden. In EK of WK makke hy nea mei.
Nei 2016 út byld rekke
Yn 2015 en 2016 spile hy de measte wedstriden foar Oranje. Yn dy perioade spile Bruma foar PSV, wêrmei't hy yn 2015 en 2016 kampioen waard. Dêrnei kaam hy by VFL Wolfsbrug telâne en krige hy in swiere blessuere oan syn knibbel.

Mei dêrtroch rekke Bruma út byld by Oranje en by de Nederlânske fuotballeafhawwer. "Ik lag er lang uit en daarna moest ik terugkrabbelen. Dat ging via Mainz, via Schalke en daarna weer bij Wolfsburg. Dat ging moeizaam. Als je in Turkije speelt, wordt het er ook niet makkelijker op. Dan raak je helemaal uit beeld."
Ek dêrom kiest hy der no foar om werom te kommen nei Nederlân. "Daarom is het nu zaak om bij Heerenveen weer te presteren, mezelf te laten zien. Ik ben er wel van overtuigd dat dat gaat lukken."
Karriêre Jeffrey Bruma
2009-2013 Chelsea
2010-2011 Leicester City (hier)
2011-2013 Hamburger SV (hier)
2013-2016 PSV
2016-2021 Wolfsburg
2018-2019 Schalke 04 (hier)
2019-2020 Mainz 05 (hier)
2021-2023 Kasimpasa
Njonken Bruma waard ek Daniel Karlsbakk presintearre. De 19-jierrige spits komt oer fan Viking FK. Dy klup waard it ôfrûne seizoen, dat ein novimber einige, alfde yn de Noarske kompetysje.
Karlsbakk spile earst tritich wedstriden by de klup út syn berteplak Bryne, op it twadde nivo. Hy ferhuze dêrnei nei Stavanger. Hy bleau thús wenjen, omdat de klup dêr't hy spyljen gie, Viking FK, mar op in healoere leit fan syn wenplak.
By Viking FK spile hy yn totaal tritich wedstriden. Soms as ynfaller, soms as basisspiler. Hy makke yn totaal twa goals.
Ek foar Karlsbakk wie in soad ynteresse. "De club liet sjen dat se my woenen. Dat hienen se earder al meardere kearen dien. Dus it wie in no-brainer foar my. It is in goeie stap foar my."
Daniel Karlsbakk: "Ik fiel gjin druk"
Mei de komst fan Karlsbakk hat Hearrenfean no trije spitsen. Njonken Karlsbakk binne dat Sydney van Hooijdonk en Antoine Colassin. Mar watfoar type spits is Karlsbakk? "Ik bin in hurde wurker. Ik skoar goals, bin fluch en kin duels winne. Ik bring in soad enerzjy yn it team."
De trettjinde Noar
Yn 1996 wie Børre Meinseth de earste spiler út Noarwegen dy't nei Hearrenfean kaam. Karlsbakk is de trettjinde Noar en hy tinkt foaral oan twa Noaren dy't no by grutte klups spylje. "Ik kin Morten Thorsby en Martin Ødegaard. Dat is in grutte spiler no. It lit sjen dat Hearrenfean it goed docht mei jonge, Skandinavyske spilers."
Amin Sarr is fuort en Karlsbakk is oanlutsen mei it jild fan Sarr. Mar dat leit gjin druk op de skouders fan Karlsbakk. "Ik kom hjir om my te ûntwikkeljen. Ik moat geduld ha, mar ik fiel gjin druk."