Provinsje Fryslân stelt Arriva yn fersom; mooglik folgje boeten

Arriva-stoptrein op it stasjon fan Camminghabuorren © Omrop Fryslân
Treinferfierder Arriva sjit neffens de provinsje Fryslan earnstich tekoart by it fersoargjen fan it regionale treinferkear yn Fryslân. De provinsje hat Arriva dêrom tiisdei offisjeel 'in gebreke gesteld'. As Arriva de prestaasjes net gau ferbetteret, kin de provinsje boeten oplizze.
As in treinrit ferfalt, hawwe de reizgers rjocht op goeie ynformaasje én op ferfangend ferfier, bygelyks mei de bus. It is de ôfrûne tiid te faak bard dat der gjin trein wie, gjin ferfangend ferfier en ek gjin goeie ynformaasje.
De provinsje hat Arriva hjir al twa kear earder offisjeel oansprutsen. Omdat de situaasje net ferbetteret, is it bedriuw no offisjeel yn gebreke steld. Ek tiisdei foel der wer in stoptrein út, wêrtroch't reizgers op stasjon Ljouwert-Camminghabuorren in healoere ekstra blaubekje mochten op in winich halteplak. Sy waarden yntusken wol troch de sneltrein Grins-Ljouwert foarby raasd.
Provinsje Fryslân ûntefreden oer Arriva
De provinsje Fryslân stelt Arriva tegearre mei de provinsje Grinslân yn fersom. De buorlju yn Grinslân binne op syn minst like kritysk oer de prestaasjes fan Arriva. De treinferbining fan Ljouwert nei Grins rekket boppedat beide provinsjes. De provinsjes wolle sa yn it foarste plak druk útoefenje op Arriva om de problemen gau op te lossen.
Blaubekjende treinreizgers op stasjon Ljouwert-Camminghabuorren © Omrop Fryslân
Deputearre Avine Fokkens seit yn in taljochting dat se net út is op it oplizzen fan boeten, mar yn it brief fan de provinsje wurde wol boeten oankundige. It giet om boeten fan 2.000 euro foar elts ynsidint.
Dy soene mei yngong fan 1 april oplein wurde kinne as Arriva by treinútfal net binnen in healoere foar ferfangend ferfier soarget en foar goeie ynformaasje, want sa is dat ôfpraat yn it kontrakt.
Deputearre Avine Fokkens
Direkteur Anne Hettinga fan Arriva neamt it brief fan de provinsje Fryslân 'teloarstellend'. Arriva hat altiten trochriden yn de coronatiid en hat no te krijen mei personielskrapte en ek mei sykte ûnder it personiel. "Ik hie wol wat mear kleminsje en respekt ferwachte foar it trochriden yn ekstreme omstannichheden", sa seit Hettinga.
Direkteur Anne Hettinga fan Arriva