Alder pear út Sint Nyk slachtoffer fan bankfraude, trije fertochten oanhâlden

Mei de bankpas foar de kompjûter © ANP
De plysje hat trije manlju oanholden dy't fertocht wurde fan bankhelpdeskfraude by in âlder pear út Sint Nyk.
Immen dy't him foardie as meiwurker fan de bank belle op moandei 30 jannewaris mei de slachtoffers. Dizze 'meiwurker' oertsjûge it pear derfan om harren pinkoade troch te jaan. De pinpassen waarden dêrnei by de slachtoffers thús ophelle. De fertochten hienen ek noch de hûskaaien fan it pear meinaam.
In buertbewenner hie in foto makke fan de auto fan de fertochten. Oan de hân fan it kenteken koenen de fertochten frij gau trasearre wurde. Der binne trije fertochten oanholden yn Nieuwerkerk aan den IJssel. It giet om manlju fan 17 en 18 jier út Spijkenisse en in 20-jierrige man út it Súd-Hollânske Den Hoorn.
De plysje is oan it útsykjen oft de oanhâlden manlju ek belutsen binne by oare ynsidinten fan bankhelpdeskfraude.