Takom tongersdei staking yn streekferfier, part Arrivameiwurkers leit wurk del

Meiwurkers fan Arriva sille takom tongersdei stake. It giet om personiel dat ûnder de cao Multimodaal falt. Dat meldt fakbûn FNV.
De bûnen easkje dat de leanen automatysk mei de ynflaasje omheechgean. Fierder wolle se dat der maatregels nommen wurde om de wurkdruk te ferminderjen. Ek wolle se dat mear minsken in fêst kontrakt krije en dat de roasters ferbetterje
Under de cao Multimodaal falle likernôch 1300 minsken. Dêrfan is ûngefear in tredde bussjauffeur en twa tredde wurket op de trein.
De staking stiet los fan de lanlike staking fan fiif dagen, dy't fan moandei 6 febrewaris ôf op de planning stiet.