Trije moannen nei boatûngelok: "Meeste vermisten krijgen helaas zeemansgraf"

Goed trije moannen is it yntusken lyn dat op de Waadsee de fearboat Tiger en wettertaksy Stormloper mei-inoar yn botsing kamen. Fjouwer minsken kamen dêrby om, it lichem fan ien fan harren wurdt noch hieltyd fermist. Hoe grut is de kâns dat er noch fûn wurdt?
"Het is zoeken naar een speld in een hooiberg", seit Pascal Jonkers, wurdfierder fan SAR Nederland (Search And Rescue). Haadkoördinator Houwina Postma fan SAR Nederland is al like dúdlik. "Niet geschoten is altijd mis, dus we doen een poging. Maar de kans is ontzettend klein."
Yn de betide moarn fan 21 oktober botsten yn it Skûtegat, súdwestlik fan de haven fan West-Skylge, de wettertaksy Stormloper en de rappe fearboat Tiger opinoar. Al gau waarden twa lichems burgen en fjouwer ferwûnen oan lân brocht, mar troch de sterke streaming, it tsjuster en de wylde see rekken twa oare persoanen fermist. It lichem fan ien fan harren, in 49-jierrige man, waard twa wiken letter fûn op it strân fan Skylge.
Quads, drones, fiskersboaten
Allinnich it lichem fan de 12-jierrige Riemer, waans heit ek omkaam is by it boatûngelok, is noch net fûn. De ôfrûne trije moanne is yntinsyf nei him socht. Mei quads en sykteams is de hiele kuststrook fan Skylge ôfspeurd, drones binne ynset om yn de Waadsee te sykjen en in part fan de Noardsee boppe de Waadeilannen, en fiskersboaten hawwe yn konfoai mei sleepnetten de wetters om Skylge hinne ôfsocht.
"Er zijn allerlei aspecten die ervoor zorgen dat de zee onvoorspelbaar is. Die valt niet te temmen", seit Postma. "Als iemand in een kanaal ligt, heb je te maken met een vaste stroming. Dat maakt het zoeken makkelijker. In zee is dat anders, daar heb je onderstroming, bovenstroming, eb, vloed, scheepsverkeer. Allerlei factoren die invloed hebben, en het zoeken dus bemoeilijken."
Kust fan Skotlân
It sykteam hat op see net folle oanknopingspunten. In lichem kin oanspiele op ien fan ús eilannen, mar likegoed meifierd wurde nei de kust fan Denemarken, seit Postma. Der binne foarbylden fan persoanen dy't wol fûn binne. Bygelyks dat fan Caroline Wubben, ferline jier. Sy rekke fermist foar de kust fan it Súd-Hollânke Monster, en waard oantroffen lâns de kust fan Skotlân.
De meeste vermisten krijgen helaas een zeemansgraf.
"Ook kan het zijn dat er een flinke tijd overheen gaat voor het stoffelijk overschot aanspoelt. Soms blijft het namelijk liggen achter een zandbank. Later kan het weer loskomen door langsvarende kotters", seit Postma. It heucht har dat der jierren lyn in lichem oantroffen waard fan ien dy't al in healjier spoarleas wie. "Maar de meeste vermisten krijgen helaas een zeemansgraf."
Fleaners en wetterteam
De apparatuer dêr't men mei siket is yn de rin fan de jierren folle avansearder wurden. Sa is der no sonarapparatuer, en binne der drones foar sawol boppe as ûnder wetter. Njonken SAR Nederland, meitsje ek de KNRM (Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij) en de kustwacht dêr gebrûk fan.
It ferget, mei troch de apparatuer, training om oan de slach te kinnen by SAR Nederland. "We bestaan uit twee gespecialiseerde teams: de vliegers, die met de drones werken, en het waterteam. Deze krijgen zowel theoretische als praktijktraining. Aan de hand daarvan zien we of iemand er klaar voor is."
Sonarsysteem yn 'e macht krije
De groep dy't him oanslút by it wetterteam leart ûnder mear om te gean mei marifoan en de sonarapparatuer. "Veel zaken kun je alleen leren door mee te gaan op de boot. Dan leer je bijvoorbeeld het herkennen van een lichaam met het sonarsysteem. Vaak ziet dat er anders uit dan je verwacht. Dat komt omdat het in de foetushouding ligt. Of juist rechtop."
Tijdens de training worden deelnemers geconfronteerd met foto's van waterlijken.
Ek it mentale aspekt by it personiel waacht swier mei. Sa kin it finen fan in lichem foar in grutte skok soargje. "Daarom worden de deelnemers tijdens de training geconfronteerd met foto's van waterlijken. Je kunt je het niet permitteren om tijdens een zoektocht in paniek te raken. Fysiek en geestelijk moet je hier stevig in je schoenen staan."
Twa dagen tarieding
Ek oan it koördinearjen fan in sykaksje giet flink wat wurk foarôf. En dat wurdt noch wolris ûnderskat, seit Postma. "De buitenwacht denkt daar soms wat makkelijk over. Maar er komt veel bij kijken. Je kan niet zomaar zeggen: 'we zien elkaar straks daar'. Nee, er wordt uren achter elkaar gebeld. Wat is het zoekgebied? 5 kilometer? 10 kilometer? Je screent daarvoor de hele omgeving", seit de haadkoördinator. "Bij een langdurige vermissing gaat er soms twee dagen voorbereiding aan vooraf."
De manskippen sette har belangeleas yn. "Ik ben dan ook enorm trots op ons team. Iedereen komt ook als hij of zij kan. Soms zit iemand met werk, maar vaak krijgen we een groot team op de been." Dat jildt ek foar Riemer. "Onze mensen halen alles uit de kast voor de moeder van het jongetje. Als je ook maar iets vindt, voelt dat als een beloning."
Help fan eilânbewenners
Ek fan de eilânbewenners rekke Postma ûnder de yndruk. "Ik ben tijdens die zoektocht niemand tegengekomen die zei geen tijd te hebben. Iedereen hielp mee. In een tijd waarin mensen lijken te verharden, stemt je dat toch weer positief."