Frou út Feanwâlden in jier de sel yn foar it 'genitaal verminken' fan in oare frou

Rjochter © Shutterstock.com
In 46-jierrige frou út Feanwâlden is feroardiele ta 12 moannen sel foar it yn it krús stekken fan in oare frou. De frou krige ek noch seis moannen ûnder betingst oplein.
De frou hie yn oktober 2021 sjoen dat har man yn in auto 'yntym' wie mei it lettere slachtoffer. De Feanwâldster hat de frou doe mei in skerp ding yn de skamte stutsen. Om watfoar ark it krekt gie, is net bekend wurden.

Skamlippen los fan weefsel

Yn it sikehûs waard konstatearre dat de skamlippen fan it slachtoffer foar 80 persint losrekke wienen fan it ûnderlizzende weefsel. It is mar de fraach oft de frou dêr hielendal fan opknappe sil.
De Feanwâldster stelde dat se de frou allinnich mar klaud hie. De rjochter fûn har ferklearring lykwols net konsistint en ûnbetrouber.
Njonken de selstraf moat de frou 4.000 euro oan smertejild oan it slachtoffer betelje.
It Iepenbier Ministearje hie 24 moannen selstraf easke wêrfan acht ûnder betingst. Neffens de offisier fan justysje wie der sprake fan 'genitale verminking'.