Kontrakt Jasper ter Heide by SC Cambuur ûntbûn

Jasper ter Heide giet fuortendaliks fuort by SC Cambuur. De ferdigenjende middenfjilder spile dit seizoen mar fjouwer earedivyzjewedstriden.
Ter Heide kaam yn it seizoen 2020/2021 oer út de jeugdopliedng fan Ajax. Mei troch blessuereleed waard hy nea echt in fêste wearde yn Ljouwert.
Der wie net in soad perspektyf dat dit yn de twadde helte fan dit seizoen feroarje soe. De klup en de spiler binne it dêrom iens wurden oer it ûntbinen fan syn kontrakt.