HEA! Koor Geen Gehoor

HEA! Koor Geen Gehoor
By Koor Geen Gehoor yn Ljouwert makket it net út dat je gjin sjongtalint ha. It alderbelangrykste is dat it leuk en gesellich is.
Sjonge, wille en leechdrompelich, dat is wat je by Koor Geen Gehoor fine. Minsken komme der net by om't se goed sjonge kinne, mar om't se it aardich fine om te sjongen. Dat it dan sa no en dan falsk klinkt, is gjin inkel probleem, dat mei allegear.
Dirigint Sander van der Sluis is hjirmei begûn as aardige bybaan, mar yntusken is it folle mear wurden en hy is der grutsk op wat hy mei it koar docht.