Bou fan boartoer en de gaswinning by Aldlemmer meie trochgean

Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer oan de Oude Maden © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Troch in útspraak fan de rjochtbank Noard-Nederlân is it foar Vermilion mooglik om fan Aldlemmer ôf te boarjen nei gas ûnder de gemeente De Fryske Marren. Dy gemeente hie in beropskrift yntsjinne, trouwens sûnder dêr de gemeente Weststellingwerf yn te kennen.
Ut de boarput yn Aldlemmer wei wurdt skean boarre nei diels de Tsjûkemar en benoarden fan Dolsterhuzen.

Proseduereflater

Ut de foartoets natuer, dy't yn de fergunning fan de steatssekretaris fan Ekonomyske Saken en Klimaat opnaam is, docht bliken dat der gjin wichtige effekten op de Natura2000-gebieten te ferwachtsjen binne. Ek soenen der gjin fersteurende effekten wêze foar beskerme bistesoarten.
De rjochter konstatearret no wol dat dy foartoets hielendal net yn de omjouwingsfergunning opnaam wurde mocht. Troch dizze proseduereflater hat de rjochter it berop fan De Fryske Marren grûndearre ferklearre en is de fergunning ek ferneatige.
Mar der wie ek in losse fergunning foar natuer ferliend en in ûntheffing foar de soartbeskerming oanfrege. Reden foar de rjochter om "de rechtsgevolgen van de vernietigde omgevingsvergunning" wol yn stân te hâlden.

'Gefolgen pas letter bekend'

Konkreet betsjut dit dus dat it berop fan De Fryske Marren wol grûndearre ferklearre is, mar dat it fierder gjin grutte gefolgen hat. Dus de bou fan de boartoer by Aldlemmer en de boarring meie gewoan trochgean.
"De rjochter sil der grif goed oer neitocht ha", seit Sjoerdtje de Visser, fan de aksjegroep Tsjingas Tjûkemar. "Mar wy tinke dêr oars oer. It punt is ek dat as je ûnder de Tsjûkemar fossile brânstoffen winne sille, je de gefolgen dêrfan pas witte oer tsien of tweintich jier. Krekt as yn Grinslân. It is in grut risiko, dêrom soene je net yn dat fjild komme moatte."

Gjin berop

De Fryske Marren kin in heger berop ynstelle tsjin de útspraak fan de rjochtbank, mar docht dat net. De gemeente sjocht juridysk gjin arguminten mear om noch de boarring tsjin te hâlden.
Vermilion Energy mei oant 2040 gas út de grûn helje by Aldlemmer. Der wurdt sûnt 2014 gjin gas mear wûn út it besteande gasjild by Aldlemmer. Dêrmei waard yn 1993 begûn.