DINGtiid: 'Frysk fan pjut oant promovendus, foarskoalsk ûnderwiis moat better'

Fjouwer op 'e tsien bern hawwe gjin tagong ta Frysktalige berne-opfang © DINGtiid
De Fryske taal kin in better plak krije yn pjutteboartersplakken en berne-opfang as it Ryk, de provinsje Fryslân en gemeenten mear liederskip sjen litte. Dat seit it advysorgaan DINGtiid.
Sawat fjouwer op de tsien bern hawwe gjin tagong ta Frysktalige berne-opfang. It oanbod fan de Fryske taal yn de foarskoalske perioade is belangryk foar de taalûntjouwing fan bern tusken de 0 en 4 jier.
Wat earder oft it bern Frysk meikrijt, wat sterker de taalûntjouwing. Te min Frysk kin derta liede dat bern dy't it Frysk wol fan hûs út meikrije, dochs harren thústaal ferlieze.

Fan pjut oant promovendus

Sawol provinsje, Ryk as de Ried fan Europa ûnderstreekje it belang dat alle nivo's fan ûnderwiis - ek foarskoalsk ûnderwiis - it Frysk beskermje en befoarderje moatte. Der soe in saneamde 'trochgeande learline' komme moatte: fan pjut oant promovendus soe Frysk oanbean wurde moatte.
De foarskoalske perioade is in kwetsbere skeakel. Op pjutteboartersplakken en berne-opfang is it wetlik net ferplichte om Frysk oan te bieden. Dat is yn it primêr en it fuortset ûnderwiis wol it gefal.

Ferlet fan draachflak en liederskip

Petearen mei partijen yn it fjild befêstigje eardere konstatearrings en oanbefellings fan de Ried fan Europa en it Ryk: de trochgeande learline Frysk moat befoardere wurde troch it Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis fuort te sterkjen, sa skriuwt DINGtiid. Der bestiet lykwols gjin draachflak foar in wetlike ferplichting dêrta.
Yn it ferlingde fan eardere advizen fan de Ried van Europa en it Ryk, advisearret DINGtiid foar de kommende jierren de foarskoalske faze yn de trochgeande learline ta prioriteit te meitsjen en beslissend liederskip te toanen.
It advysorgaan jout dêrfoar in tal oanbefellings. Sa moatte de provinsje en de gemeenten ûnder oare Frysk op foarskoalske lokaasjes stimulearje. Fierders soe Frysk in fêster plak krije moatte yn de oplieding foar pedagogysk meiwurker.