'Noarsk jeugdynternasjonal Karlsbakk wurdt nije spits sc Hearrenfean'

Daniel Karlsbakk (links) yn it shirt fan Viking FK © ANP Foto
Daniel Karlsbakk wurdt de nije spits fan sportklup Hearrenfean. Dat meldt de Noarske online-krante Nettavisen. Neffens de krante komt Karlsbakk oer foar in bedrach fan 2,7 miljoen euro.
Karlsbakk komt oer fan Viking FK út Stavanger, de nûmer alve fan de Noarske kompetysje. Dy kompetysje is ein novimber ôfrûn. De 19-jierrige Karlsbakk spile 21 wedstriden foar Viking FK en skoarde twa kear.

'Noch in Noar ûnderweis'

Ek Osame Sahraoui liket neffens de Noarske krante Dagsavisen ûnderweis nei Hearrenfean. Sahraoui is 21 jier en spile by Vålerenga IF foaral as linksbûten. Yn de Noarske kompetysje spile Sahraoui oant no ta 84 wedstriden. Hy skoarde trettjin kear en joech achttjin assists.
Technysk manager Ferry de Haan joech juster yn de Sportcast oan dat Hearrenfean yndie mei beide spilers dwaande is, mar dat se noch net in akkoart ha.
Earder makke Hearrenfean al bekend dat it Jeffrey Bruma oanlûkt. Bruma wurdt tiisdeitemiddei om 16.00 oere presintearre.