Petysje foar better ov yn Súdwest-Fryslân: "We leven hier ook na zeven uur 's avonds"

In bus op it stasjon fan De Lemmer © ANP
In boargerinisjatyf út it súdwesten fan de provinsje hat in petysje opset tsjin it útklaaien fan it busferfier yn de regio.
Neffens de inisjatyfnimmers binne de ferbiningen 'beroerd' mei de hjoeddeiske tsjinstregeling. Benammen op jûntiid nei 18.30 oere en op snein binne der problemen.
In oantal bewenners hat mei stipe fan pleatslike belangen fan Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren dêrom in boargerinisjatyf opset. Dizze groep hat yntusken ferskate sjenswizen by de provinsje yntsjinne as it giet om de buskonsesje.
Op 7 febrewaris wol it boargerinisjatyf in petysje oerlangje oan deputearre Avine Fokkens. De sympatisanten wolle de tsjinstregeling fan foar desimber 2022 werom en hoopje dat de provinsje de konsesje bus 2024-2034 oanpasse wol.

Utklaaid

It iepenbier ferfier yn de súdwesthoeke is te bot útklaaid, neffens de inisjatyfnimmers. It sit de berikberens fan skoallen, wurk, sport, foarsjennings en kontakten yn 'e wei.
Han Meij fan Himmelum: "We zaten al op een ondergrens en nu is echt de maat vol. Er wordt hier ook gewoon geleefd na zeven uur 's avonds."
Han Meij fan Himmelum oer it inisjatyf