Grutte enkête moat ophelderje oft Fryske hierders de rekken noch betelje kinne

Wat is de finansjele draachkrêft fan de Fryske hierders? © ANP
In grutte, provinsjale enkête moat dúdlik meitsje hoe't it finansjeel giet mei de Fryske hierders. Kinne sy har rekkens noch betelje, dêr draait it om. Tûzenen Friezen hawwe yntusken in e-mail krigen.
Alle Fryske hierdersorganisaasjes en wenningkorporaasjes wurkje oan it ûndersyk mei om in byld te krijen fan de finansjele situaasje fan hierders. Ek de grutte partijen, lykas Accolade, Elkien en WoonFriesland. De earste resultaten fan it ûndersyk wurde foar de simmer noch ferwachte.
Der binne in soad sifers bekend, bygelyks oer de hierprizen en eventuele skulden fan minsken. Mar mei de hjoeddeiske enerzjyprizen ûntbrekke der ek noch in pear wichtige skeakels om in folslein byld te krijen. Om dit byld wol kompleet te meitsjen wurdt der no in grut ûndersyk opset.
De fragelist is foar hierders fan sosjale hierwenten en de enkête is opset troch ûndersyksburo RIGO, dat mear ûndersyk docht nei wenlêsten. RIGO stipet korporaasjes en gemeenten by it opstellen fan belied oer wenlêsten, ek as it giet om hierpriisregulearring en hiertaslach. It wol ynsjoch ha yn it tal húshâldens dat betelrisiko's rint en yn wa't just relatyf goedkeap wennet.
Der binne fragen oer it húshâlden en de wensituaasje, mar ek oer wat de hierders betelje oan hier, enerzjy en ferfier. Sy kinne anonym oanjaan hoe't se omgeane mei feroarjende kosten, want dat dêr sprake fan is yn tiden fan ynflaasje en hege enerzjyprizen, dat is wol dúdlik.

Ien op de tsien yn finansjele problemen

Neffens Frans de Bruin fan Huurdersvereniging Sneek is der op dit stuit noch te min ynsjoch yn de finansjele draachkrêft fan hierders. "We weten niet wat de energielasten van de huurders zijn. Door dat te onderzoeken en te combineren met andere data willen we een duidelijk beeld krijgen."
De hierdersferiening komt op foar de belangen fan de hierders. "We krijgen overal signalen uit allerlei rapporten waaruit blijkt dat ongeveer één op de tien huurders in de problemen is en moeite heeft om de huur te betalen. Dat willen we goed in beeld brengen, om te kijken of we gepaste maatregelen kunnen treffen om die financiële lasten te verminderen."
Frans de Bruin fan Huurdersvereniging Sneek
De Bruin ferwachtet ek dat it yn Fryslân giet om sa'n 10-15 persint yn finansjele problemen.

No ek hierdersorganisaasjes belutsen

It is net it earste ûndersyk, sa is der yn 2015 ek al ûndersyk dien troch korporaasjes. "Maar dat leverde wat ongenoegen op, omdat de insteek van het onderzoek naar onze beleving niet helemaal zuiver was. Het was een onderzoek dat er meer op gericht was om te kijken of er nog financiële ruimte was om de huren te verhogen. Dat willen we te allen tijde voorkomen", seit De Bruin.
De Bruin hopet mei de resultaten wat steviger yn 'e skuon te stean yn petearen mei korporaasjes en gemeenten.

Accolade weroerwaget mooglik hierprizen

Direkteur-bestjoerder Elze Klinkhammer fan Accolade fernimt oant no ta net dat der mear minsken binne dy't harren hier net mear betelje. Dat fernuveret har. "Wy hienen ferwachte dat der al mear minsken harren meld hienen by ús mei betellingsproblemen. Dat blykt oant no ta net sa te wêzen", seit Klinkhammer.
"Dan tinke wy: dan moat der dus op in oare wize earne ynlevere wurde. Blykber betelje de minsken de hier noch wol, mar it kin eins net sa wêze dat minsken it maklik rûnsette allegearre", seit Klinkhammer.
As dat yndie bliken docht út de enkête, wol Accolade mooglik de hierprizen weroerwaagje. "Dan moatte wy as wenningskoropaasjes ús dêr wol oer bûgje. Wat betsjut dat foar ús hierprizen? En dit is foar ús ek hiel belangryk om te witten. Wy wolle soargje dat der genôch hierwenningen binne, dat se ferduorsume binne, mar ek dat se betelber bliuwe", seit Klinkhammer.
De enkête is oant en mei 20 febrewaris yn te foljen. De resultaten wurde ien oant twa moannen letter ferwachte.