De Fryske Marren stekt 6,5 miljoen euro yn nij skoalgebou Sint Nyk

It hjoeddeiske gebou fan De Paedwizer yn Sint Nyk © Google Streetview
De bou fan in nij skoalgebou yn Sint Nyk foar De Paedwizer en It Klimmerblêd is wer in stapke tichterby, no't gemeente De Fryske Marren der 6,5 miljoen euro foar oan de kant lein hat.
Yn it nije kompleks moat plak wêze foar kristlike skoalle De Paedwizer (fan koepel CBS Meilân) en katolike skoalle It Klimmerblêd (fan de Bisschop Möller Stichting). It giet net om in fúzje, mar it byinoar bringen ûnder ien dak hat foar de skoallen wol foardielen.

Lyts ûngedierte

De hjoeddeiske skoalgebouwen binne nedich oan ferfanging ta. Sa is it gebou fan De Paedwizer al yn 1976 boud. "It is gewoan echt âld", seit skoaldirekteur Jill Hom fan De Paedwizer. "It past net mear by it ûnderwiis dat we biede wolle."
Dêrneist hat de skoalle te krijen hân mei lekkaazje, binne de ferwaarmingskosten heech en hawwe se "ek wol wat lêst fan lyts ûngedierte".

Noardkant

De definitive plannen binne noch net útiten, mar de ynstek is dat it nije skoalkompleks op it plak komt dêr't no de sportfjilden fan VV Renado lizze, oan de noardkant fan it doarp by de bosken.
Dêr komme nei alle gedachten ek nijbouhuzen, dêrom moat alles goed tusken de twa skoallen, de fuotbalklup, de gemeente, it doarp en oare belutsenen ôfstimd wurde.

Multyfunksjoneel

De skoaldirekteur hopet op in moai, multyfunksjoneel gebou dat oanslút by de fyzje fan de skoalle.
"We wolle de romtes graach tegearre diele dêr't dat mooglik is. We hoege net alles dûbeld te hawwen. In keuken en in technyklokaal hoege je net twa kear te hawwen. En hoe moai is it dat twa skoallen yn ien gebou komme. Dat is foar in doarp echt machtich moai", seit Hom.
It proses rint al goed fjouwer jier, in pear jier lyn hat de gemeente in lokaasje-ûndersyk dien. Dit jier moat in arsjitekt oan de gong mei in ûntwerp foar it nije skoalproses.