Akkrumer 'legoblokken' helpe om de Prinses Margriettunnel iepen te krijen

Grutte legoblokken fan beton helpe om de Prinses Margriettunnel yn de A7 yn febrewaris iepen te stellen foar ferkear. It binne goed 2.000 blokken fan hast twa meter. It beton komt fan in bedriuw yn Akkrum, dat sels it plan yntsjinne.
"Snein stie yn de krante in oprop fan Rykswettersteat mei dêryn dat minsken mei in idee komme koene", seit direkteur Henk Dam fan Dam Beton. "Wy tochten dat it in goed idee wie om dy sekken sân te ferfangen troch ús 'legoblokken'. Dat smyt romte op om in baan frij te krijen."
Dat like Rykswettersteat in goed idee en nei wat ûnderhanneling oer de priis mocht Dam se leverje.
Sa wurde de betonblokken foar de A7 makke
Yn totaal giene der ûngefear 2.300 blokken nei de Prinses Margriettunnel ta. Dat wie in flinke put, seit Dam. "Tongersdeitemiddei hawwe wy in priis jûn, freedtemiddei wie it akkoart en de freed dernei moasten se der al wêze. Dus wy hawwe alle dagen 40-50 frachten dien om alles derhinne te krijen."
De blokken wiene al op foarried, want se meitsje kin net yn sa'n koarte tiid. De blokken moatte ommers noch drûgje. "Se stiene hjir al. Wy koene se liene fan in klant dêr't wy yn de maitiid oan leverje moatte. Dêr kinne we se yn de tuskentiid noch foar meitsje."

Dam hat yn totaal ûngefear 200 frachten nei it Prinses Margrietkanaal brocht. Dat is sa'n 6.000 ton oan blokken. Hy is der wiis mei dat er bydrage kin oan in oplossing fan in lokaal probleem.
"It is moai dat Rykswettersteat oan sa'n idee gehoar jout en dat se dêrmei in Fryske ûndernimmer stypje kinne. Ik tink dat it in goede saak is dat minsken út de praktyk dêrby belutsen wurde."