Húsmosk op nûmer ien by fûgeltelling yn Fryske tunen

De húsmosk is goed 25.000 kear teld © Shutterstock.com
Yn Fryslân ha it ôfrûne wykein hast 5.500 minsken meidien oan Nasjonale Túnfûgeltelling. Mei-inoar ha se mear as 107.000 fûgels teld.
Lykas oare jierren waard de húsmosk it faakst sjoen: goed 25.000 kear. De blokmies en de klyster stiene mei 14.000 en 9.000 waarnimmingen op it twadde en tredde plak. Dat liket op it lanlike byld, al einige de blaumies dêr op it tredde plak.
Mei 120.000 dielnimmers diene der lanlik minder minsken oan de telling mei as yn de ôfrûne coronajierren. Ferline jier wiene der goed 170.000 dielnimmers en yn 2021 wiene it der 165.000. Yn 2020, flak foar corona, diene 90.000 minsken mei.