ChristenUnie hellet jong talint sûnder ferbliuwsfergunning fan kandidatelist

Yara Tymts en Matthijs de Vries yn it steatebankje fan de ChristenUnie © Omrop Fryslân
De ChristenUnie hat de jongste kandidaat foar de steateferkiezingen wer fan de list ôfhelle. De 17-jierrige Yara Tymts út Burgum hat noch gjin ferbliuwsfergunning en is dêrom net ferkiesber, ta teloarstelling fan har partij.
Moandei moasten alle partijen harren definitive list mei hantekens fan alle kandidaten op papier ynleverje op it haadstimburo yn Ljouwert. De meiwurkers fan it haadstimburo kontrolearren alles en dêrby waard ek kritysk nei de hantekens sjoen. Dy meie net te bot ôfwike fan de hantekens op it ID-bewiis.
Yn guon gefallen betsjutte it dat der in ekstra hanteken ynlevere wurde moast. "Wa set syn hanteken no alle kearen krekt itselde?", seit sekretaris Yntze de Boer fan de ChristenUnie Fryslân. "It is al mei al in hiele administraasje."
It haadstimburo lit wite dat de hanteken rûchwei 'foar 80 persint' oerienkomme moat mei dy op de ID-kaart, it rydbewiis of it paspoart.
De ChristenUnie moast Yara Tymts fan de list ôfhelje
Yngripender foar de ChristenUnie is it beslút om it jonge polityk talint Yara Tymts (17) fan Burgum, de nûmer 5 op de konseptlist, wer werom te lûken. "Dat is in hiel grutte teloarstelling foar ús", seit listlûker Matthijs de Vries. "Mar we wisten dat dit risiko deryn siet."

Gjin passyf kiesrjocht

De partij hope dat Tymts foar moandei in ferbliuwsfergunning krije soe, mar de proseduere by de IND foar dy fergunning rint noch en sadwaande hat Tymts noch gjin passyf kiesrjocht.
"Ik stond op plaats vijf, omdat ik me heel graag wil inzetten voor de jongeren in de provincie", fertelt Tymts. Tema's dy't se wichtich fynt, binne iepenbier ferfier en it miljeu. "De bus is voor studenten en jongeren heel belangrijk. Als de bus niet rijdt, hebben we een groot probleem, want daarvan zijn wij afhankelijk."
Ik word in augustus 18 en dan zou ik eventueel actief kunnen worden in de Provinciale Staten.
Yara Tymts
It provinsjehûs is Yara net ûnbekend troch gearkomsten mei de ChristenUnie oer it partijprogramma en de kampanjes. Mei har 17 jier soe Tymts de jongste kandidaat wêze by de steateferkiezingen fan maart.
"Het kwam eigenlijk precies goed uit", seit se. "In het jaar dat je 18 wordt mag je op de lijst. Ik word in augustus 18 en dan zou ik eventueel actief kunnen worden in de Provinciale Staten."

Noch gjin beslút

De provinsjale polityk sil it foarearst noch sûnder Yara Tymts dwaan moatte, want sûnder ferbliuwsstatus kin se net op de list stean bliuwe. It is in probleem dat de famylje al langere tiid pleaget.
"We zijn nog steeds in afwachting van een besluit van de IND op de aangespannen procedure. Dat besluit kan iedere dag komen, maar je weet niet wanneer het komt. Dat kan morgen gebeuren, maar ook over een half jaar."

Politiek talint

De ChristenUnie beskôget Yara as in polityk talint. "Ferline wike hiene we yn de Steaten noch in debat oer de needsaak om mear jongeren by de provinsjale polityk te belûken", seit listlûker De Vries. "Dit wie in prachtige kâns om dêr in moaie stap yn te setten, want se hie it jongste steatelid fan de ChristenUnie west."
Se sjocht oars tsjin de saken oan as ik. Dat kin hiel ferrykjend wêze.
Listlûker Matthijs de Vries oer Yara Tymts
Neffens eigen sizzen leart De Vries in soad fan diskusjes mei Tymts. "Se sjocht oars tsjin de saken oan as ik. Dat kin hiel ferrykjend wêze."
Tymts is oarspronklik ôfkomstich fan De Krim. Se ferbliuwt al sa'n njoggen jier yn Nederlân en is ek al in moai skoft aktyf by de ChristenUnie en by Perspectief, de jongereinôfdieling fan dy partij.
Se fynt it sels ek spitich dat se net op de list stean bliuwe kin, mar se wist dat it risiko deryn siet en is fêst fan doel om polityk aktyf te bliuwen.
Yara Tymts en Matthijs de Vries fan de ChristenUnie