Bruorren Anker ha fjouwer spitsen foar Hearrenfean: "We willen meebetalen"

De Sportcast mei Wim Anker © Omrop Fryslân
No't Amin Sarr ferkocht wurdt troch sc Hearrenfean, moat der in nije spits komme. Wim Anker is ambassadeur fan de Feansters en hat wol in oantal suggestjes foar technysk manager Ferry de Haan.
De ambassadeur fan de klup seit alles yn it Nederlânsk, sadat De Haan, dy't meiharket, se ek ferstean kin.
1. Fran Sol
De earste oanbefelling fan Wim Anker is Fran Sol. "Ik wil de oude voorhoede van Willem ll herstellen. Köhlert en Nunnely hebben we al, Sol is een fantastische spits en die zit op een dood spoor in Malaga. Die kun je morgen nog halen", tinkt Anker. "Dan heb je die fantastische voorhoede van een jaar of vijf geleden weer terug."
2. Jürgen Locadia
De 29-jierrige Jürgen Locadia sjocht Anker ek wol kommen. Hy spile yn it ferline by PSV, it Dútske Hoffenheim en it Ingelske Brighton. Mar, sa wit Anker: "Locadia verpietert in Iran, dat is ook een mogelijke."
3. Sam Lammers
De tredde spits wêrfan't Anker sjarmearre is, is Sam Lammers. Dy spile al earder by Hearrenfean. "Dat is een fenomenale spits en die zit nu al bij zijn vierde huurclub", sa seit Anker.
4. Lorenzo Lucca
De lêste is Lorenzo Lucca, dy't no by Ajax spilet. Dy klup hiert him fan it Italiaanske Pisa. "Dat is een veelbelovende jongen. Hij krijgt totaal geen kans bij Ajax en wil zich laten zien", wit Anker.
Nettsjinsteande it feit dat de beurs fan Hearrenfean goed folle is troch de miljoenen dy't it krijt foar Sarr, wolle de beide Ankers de klup ek noch wol finansjeel stypje. "Het zijn maar wat tips. Hans en ik willen ook wel wat meebetalen, want we hebben AOW en dat is royaal in Nederland."

"Brûkbere tips"

Dat Hearrenfean op syk is nei fersterking foar de foarhoede, dat mei dúdlik wêze. "We zijn druk en willen absoluut wat toevoegen. Wel tegen de voorwaarden waaraan wij kunnen én willen voldoen", seit technysk manager De Haan.
Dêrby krijt De Haan frege en ûnfrege advys fan de bruorren Anker. Ta blydskip fan de technysk manager fan Hearrenfean. "Dat waren heel bruikbare tips zelfs, daar doen we ons voordeel nu nog mee", seit De Haan mei in knypeach.

'Klasbak' en Sahraoui

Hy jout boppedat ta dat Hearrenfean yn Noarwegen sjocht nei in ferfanger foar Sarr. Yn Daniel Karlsbakk, yn de Sportcast 'Klasbak' neamd, fan Viking FK hat de klup ynteresse. En Osame Sahraoui is op 'e nij yn byld, al is dy neffens De Haan noch te djoer.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.