Pro-Russyske hackersgroepen fiere DDoS-oanfallen út op sikehûzen, ek MCL slachtoffer

Sikehûs MCL yn Ljouwert is slachtoffer wurden fan DDoS-oanfallen troch in pro-Russyske hackersgroep. It MCL is net it iennige sikehûs dat mei sokke oanfallen te krijen hân hat, sa hat ek it UMCG yn Grins lêst fan de aksjes.
De webside fan it Ljouwerter sikehûs hat in skoft min te berikken west. Neffens in wurdfierder hat dat lykwols net ta grutte problemen laat. It elektroanysk pasjintedossier en MijnMCL, it platfoarm wêrop't minsken har eigen dossier ynsjen kinne, binne net troffen.
Neffens Z-Cert, in gearwurkingsferbân fan sikehûzen foar digitale befeiliging, binne de oanfallen útfierd troch Killnet. Dy groep falt de lêste tiid faker organisaasjes oan yn lannen dy't wapens oan Oekraïne leverje.
By in DDoS-oanfal wurde der in soad fersiken nei in bepaalde webside stjoerd, wêrtroch't dy oerbelêste rekket. De webside wurket dêrtroch hiel traach, of is hielendal net mear te berikken.