Skiep yn Hallum en Hijum deabiten troch hûn

Deade skiep yn Hijum © Omrop Fryslân
Ien of mear hûnen hawwe oan de ein fan it jier húshâlden ûnder skiep yn it noardeasten fan Fryslân. Yn Hallum biet in hûn yn desimber ferline jier sechstjin skiep dea. Efkes dêrfoar wiene yn itselde doarp al twa skiep deabiten en rekken seis bisten ferwûne troch in oanfal fan in hûn.
Yn it neistizzende Hijum makke in hûn sân skiep dea en ferwûne der fiif. Dat docht bliken út de moanlikse rapportaazje fan DNA-ûndersyk dat BIJ12 dwaan lit nei in mooglike oanfal fan in wolf. BIJ12 hannelet foar de provinsjes wolvesaken ôf.
Ut de sifers komt nei foaren dat de hûn of hûnen ek yn oare doarpen yn it noardeasten fan Fryslân tasloegen.
De goudjakhals dy't al moannen yn Fryslân sit, is trouwens ek noch altyd yn dy buert. Hy deade op âldjiersdei in skiep yn Peazens.

Ek skiep dea yn Súd-Fryslân

Yn it suden fan Fryslân binne snein ek skiep deabiten, meldt BIJ12. It is noch net bekend watfoar bist dat dien hat. Yn Appelskea giet it om 28 skiep. Even fierderop, yn Sânhuzen is ien skiep deabiten.