Oaljefantsje berne yn Wildlands: "Mem en de lytse binne al sichtber foar publyk"

Yn dieretún Wildlands yn Emmen is in oaljefantsje berne. It kealtsje hat de namme Nagarr krigen. "It giet hiel goed, mem en de lytse binne al sichtber foar it publyk", seit Wybo Walstra fan Surhústerfean dy't by de oaljefanten wurket.
"Hy drinkt al, dus it koe net better." Nagarr is fan 'e moarn om 6.15 oere berne. Earder waarden geregeld oaljefanten yn it park berne, mar de lêste jierren bart it minder faak. "It is dus wol spesjaal. We meie net mear ûnbeheind fokke, en dat is mar goed ek."
It is foar it earst dat de mem in kealtsje krigen hat. De mem is is sels op 8 augustus 2007 berne yn Emmen. Se is lizzend befallen, wat de fersoargers noch noait earder sjoen hienen. De heit is yn 2020 spesjaal foar it dekken út Diergaarde Blijdorp Rotterdam kaam.
De befalling is fêstlein op in befeiligingskamera. "Mar we ha it momint sels krekt mist. Der wie in skema dat we it om bar yn de gaten hâlde soenen, mar dit ha we dus mist. In oaljefant hat in draachtiid fan 18 oant 22 moannen, der sit nochal wat tiid tusken."
Lytse draak
De namme fan it oaljefantsje betsjut lytse draak yn it Birmaansk. "It is in maklike namme en lytse draak past der wol by, de mem is nammentlik in pittige tante en Nagarr bekt lekker." In Fryske namme krige Walstra der net troch. "Ik ha it wol besocht, ha myn stjonkende bêst dien, mar it is my net slagge."
Mei elkoar bestiet de groep no út tolve oaljefanten; trije folwoeksen wyfkes, ien folwoeksen mantsje, sân jonge bollen en dit nijeberne keal.
Wybo Walstra oer it oaljefantsje