Ultimatum ferrûn: takom wike staking fan fiif dagen yn it streekferfier

Der komt in lanlike staking fan fiif dagen yn it streekferfier. Fakbûn CNV hie in ultimatum stjoerd nei wurkjouwersferiening VWOV foar in bettere cao, mar dêr waard net op reagearre.
13.000 wurknimmers, benammen bussjauffeurs, falle ûnder dizze cao. It CNV easke in 'stevige' leansferheging, in goede regeling fan âlderen en in oanpak tsjin de hege wurkdruk.
Wurkjouwersferiening VWOV liet earder al witte dat it net oan alle easken foldwaan koe. "Ons cao-voorstel is bovengemiddeld hoog", sei foarsitter Fred Kagie. "Dit is de grens van het haalbare. We vragen bonden met nadruk om hiervoor niet weg te lopen, maar om onze werknemers deze stappen te gunnen en te gaan voor rust in onze branche en zekerheid voor de reizigers."
It foarstel fan de wurkjouwers is foar it CNV noch net goed genôch. "Had er nog iets nieuws in dat voorstel gestaan, dan hadden we opnieuw een verkenning kunnen doen, maar daar was geen sprake van", seit in wurdfierder fan CNV.
Gefolgen foar Fryslân noch net bekend
In staking is dêrtroch ûnûntkomber. "We achten de kans niet groot dat de werkgevers alsnog in gesprek willen. Daarom kijken we nu met de collega's van FNV hoe we onze acties gaan inrichten."
De staking set op moandei 6 febrewaris útein. Watfoar gefolgen de staking krekt hat foar reizgers yn ús provinsje, is noch net bekend.
Earder dizze moanne wie der ek al in staking yn it streekferfier, doe organisearre troch fakbûn FNV. Doe lei it bus- en treinferkear fan Arriva yn ús provinsje foar in grut part stil.