Ljouwerter sanear- en sloopbedriuw Sake Zittema freget eigen fallisemint oan

© Omrop Fryslân, Michel Kuiper
It Ljouwerter bedriuw Sake Zittema Saneringen en Sloopwerken freget it eigen fallisemint oan.
It famyljebedriuw is al goed 80 jier in begryp yn Noard-Nederlân op it mêd fan sloop en asbestsanearjen.
De oanlieding hat mei ferskate omstannichheden te krijen, lykas de coronakrisis, de dêropfolgjende krapte op de arbeidsmerk en de ûnwisse merk fan no dy't foar minder wurk soarget.

'Goede hoop op trochstart'

"De prognoaze wie ek net dat it de kommende wiken wer oanlûke soe. Dan rinne je op in bepaald momint fêst", seit advokaat Marco Kalmijn, dy't it fallisemint begeliedt.
It personiel is moandeitemoarn op de hichte brocht. "In oantal seach it wol oankommen, mar it oerfoel in oantal dochs noch hieltyd", seit Kalmijn.
De advokaat hat goede hoop op in trochstart. "Der hat him sels al in partij meld dy't mooglik belangstelling hat as der in trochstart komme kin. Dy ha ik trochferwiisd nei de noch ûnbekende kurator."
Foar it personiel sjocht it der yn elts gefal wol aardich goed út. Troch de krapte op de arbeidsmerk binne der al ferskate partijen west dy't belangstelling foar it personiel toand hawwe.