Koade giel yn Fryslân fanwege hurde wyn

© Omrop Fryslân
It KNMI hat foar woansdei koade giel ôfkundige foar ús provinsje yn ferbân mei de hurde wyn. Der kinne wynstjitten oant 75 kilometer de oere foarkomme. By de kust del binne sels wynstjitten oant 90 kilometer de oere mooglik.
De wynstjitten komme út it westen wei. De warskôging jildt foarearst fan 10.00 oere oant 14.00 oere. Koade giel is likegoed fan krêft op it fêste lân as op de Waadeilannen.