Baas fan FrieslandCampina wurdt topman by Unilever

Hein Schumacher © FrieslandCampina
Hein Schumacher, de baas fan FrieslandCampina, makket de oerstap nei Unilever dêr't er de nije topman wurdt. Hy nimt yn july it roer oer fan de Brit Alan Jope.
De 51-jierrige Schumacher wurke earder al by Unilever en wie sûnt foarich jjier al kommissaris dêr.
Yn 2014 begûn er by it suvelkonsern, earst as finansjeel direkteur en sûnt 2018 as bestjoersfoarsitter. It is noch net bekend wa't him opfolget.