Philips skrast wer tûzenen banen, Drachten bliuwt bûten skot

Philips yn Drachten © ANP
Philips skrast de kommende twa jier oer de hiele wrâld 6.000 banen, wêrfan 1.100 yn Nederlân. It technologybedriuw hie ferline jier in ferlies fan 1,6 miljard euro. It fabryk yn Drachten bliuwt bûten skot.
Earder al wienen 4.000 ûntslaggen oankundige, wêrfan 800 yn Nederlân. Mei elkoar hat Philips oer de wrâld sa'n 77.000 wurknimmers, sa'n 11.000 dêrfan wurkje yn Nederlân.
Nederlân bliuwt neffens it bedriuw it middelpunt fan de aktiviteiten oer de wrâld mei fjouwer grutte fêstigingen (Eindhoven, Best, Drachten en Amsterdam). Benammen yn de regio Eindhoven/Best en Amsterdam krije minsken dien.