Stikkene transformator by Tytsjerk lang om let yn dielen fuort

De transformator sakke folslein wei yn de grûn © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Netbehearder Tennet sil meikoarten de omfallen transformator yn de greide by Tytsjerk fuorthelje. Dizze wike begjint it tariedende wurk dêrfoar.
Der wurdt in wurkterrein ynrjochte, der komt in tydlike dyk en der wurdt in tinte oer de transformator hinnepleatst. As dat oer in wike klear is, wurdt it 250 ton swiere apparaat yn dielen út elkoar helle. Dat wurk nimt nei alle gedachten in moanne oant 5 wiken yn beslach.
De transformator foel begjin septimber fan in selsridende trailer en sakke troch de sêfte feangrûn. Hy is stikken en kin net mear brûkt wurde. Underdielen wurde recycle.
Ein dit jier moat in nije transformator klear wêze. Hoe't dy nei it plak ferfierd wurde moat, wurdt noch ûndersocht.
Maarten Scholten fan Tennet