Ina Sjerps oer fertrouwen yn boargemasters: "Van hosanna naar kruisigt hem in een week"

Ina Sjerps mei it krús fan The Passion © Omroep Zilt, Lennard Jan Geerts
De posysje fan boargemasters is tige kwetsber. Dat seit boargemaster Ina Sjerps fan Harns sneintemoarn yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Dit nei oanlieding fan de bestjoerskrisis op Skylge.

Dêr hat in lytse mearderheid fan de ried it fertrouwen opsein yn boargemaster Caroline van de Pol. Sy tinkt nei oer wat se dwaan sil. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sei dizze wike dat de ried himsels ek in spegel foarhâlde moat. Hy hat it ûntslach fan Van de Pol dan ek noch net oanfrege.
Ina Sjerps oer de bestjoerskrisis op Skylge
Sjerps seit dat se net wit wat der presys bard is op it eilân. Wol sjocht sy dat de posysje fan in boargemaster en oare bestjoerders yn dizze tiden net maklik is. Je wurde as boargemaster ynhelle troch de ried en dan binne der allerhande ferwachtingen. En dan docht bliken dat de boargemaster ek mar in minsk is, mei goeie en minder goeie kanten.
It nijsfoarum mei (f.l.n.r.) Femke Wiersma, Friso Douwstra en Ina Sjerps © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Dan moatst oppasse seit se, seker yn in lytse mienskip, as in pear smaakmakkers de 'kont tegen de krib' smite. Dan kin it gau klear wêze. Dat bart folle faker. "Een collega-burgemeester zei eens, het is in het openbaar bestuur vaak de goede week", leit Sjerps út. "Eerst Hosanna en en dan kruisigt hem in een paar dagen tijd."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Beharkje it hiele Nijsfoarum as podcast (Apple) of (Spotify).