Friso Douwstra begrypt ek in soad Europeeske regels net mear

Deputearre Friso Douwstra © Omrop Fryslân
Deputearre Friso Douwstra, ek listlûker foar it CDA yn de Fryske Steaten, fynt de Europeeske regeljouwing hieltyd yngewikkelder wurden. De mate fan it tal regels dy't op de provinsje ôfkomme, is net mear reëel.
It is dreech bestjoeren op dizze wize, seit de deputearre. "As politike junk begryp ik Europa foar de helte of trijekwart net mear."
Friso Douwstra oer Europa
De amtners moatte der hurd foar wurkje om alles by te hâlden dat binnenkomt oan regels en wetten. "Der wurdt mei it snot foar de eagen wurke om it by te hâlden." Neffens Douwstra moat der dudliker belied komme en bepaald wurde wat we hjir yn Nederlân wol en net wolle.
It nijsfoarum mei (f.l.n.r.) Femke Wiersma, Friso Douwstra en Ina Sjerps © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Douwstra sei dat yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries nei oanlieding fan de ekskuzes fan minister Piet Adema fan Lânbou. Dy hie in brief út Europa oer strangere dongmaatregels net trochjûn oan de Twadde Keamer. Hy moast dêrfoar fan 'e wike troch it stof.

Femke Wiersma

Femke Wiersma, kandidaat-deputearre foar BBB yn de Fryske Steaten, hat noch wol fertrouwen yn Adema as minister. Sy fynt de regels oer derogaasje fan Europa der fier by troch. En ek dat Adema der te lang mei ompakt hat foardat er de ynformaasje joech.
Se fynt lykwols dat ek syn stêf him better ynljochtsje moatten hie. Dat it sa gien is, fynt se kwealik. Se jout Adema dêryn dochs it foardiel fan de twivel, ek al hat se in moasje fan wantrouwen wol stipe. Dat wie mear as sinjaal nei it hiele kabinet, sa sei Wiersma.
Femke Wiersma oer Piet Adema
Wiersma: "It is wol pynlik dat hy dit as nije minister oan syn broek hat. Ik leau dat syn ekskuzes oprjocht wiene en dat hy dêrnei ek reflektearre hat."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Beharkje it hiele Nijsfoarum as podcast (Apple) of (Spotify).