Ingelsktalige boeken as waarme broadsjes oer de toanbank, mar de Fryske bliuwe lizzen

Amber tusken de Ingelsktalige boeken © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
By boekhannel Binnert Overdiep op It Hearrenfean binne se optein oer de omheechgeande ferkeapen fan Ingelsktalige boeken. De winkel gie yn koarte tiid fan trije nei alve kasten grôtfol mei Ingelske jeugdliteratuer, thrillers en romans.
"We zien dat het enorm groeit, met name bij jongeren", seit eigener Eduard Kuijt fan de boekhannel. Ut sifers fan de Stichting CPNB docht bliken dat der ferline jier 43,2 miljoen boeken ferkocht binne, 1 op 5 is in boek út in oare taal.
Kasten mei Ingelsktalige boeken © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
By de winkel sjogge se dat it entûsjasme by in soad jongeren oanfjurre wurdt troch TikTok. Boekeleafhawwers diele op dat socialmediaplatfoarm yn in filmke har oanbefelling mei de hashtag 'Booktok'.
Ek Amber, dy't yn de boekwinkel wurket, fynt sa har nije boeken. Dy binne faak Ingelsktalich, om't TikTok in ynternasjonale app is. "Ik las eerst wel Nederlandse boeken voor school, maar ik vind Engels gewoon veel leuker om te lezen", seit Amber.
Der wurde mear boeken ferkocht
Op It Hearrenfean profitearret de ôfdieling Fryske boeken net fan TikTok. "In tegenstelling tot het Engels, zien we bij Friese boeken dat de verkoop stabiel wordt en zelfs een beetje daalt", stelt Kuijt.
Fryske berneboeken ferkeapje neffens him goed. Se wurde faak as kado kocht foar de pake- of beppesizzer. Boeken foar folwoeksenen litte de klanten hieltyd faker links lizze. De boekhanneler seit dat spitich te finen, mar sa seit er: "Het is iets dat heel moeilijk te sturen is. Onze Friestalige medewerkers lezen gewoon geen Fries."