Stedhâlderlik Hôf krige yn 18e iuw ekstra oansjen troch lekkere hapkes op tafel

It Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert © ANP
De Dútske hofhortulanus Johann Hermann Knoop, de Frânske sjef-kok Vincent La Chapelle en de aadlike hofdame Agatha Wilhelmina van Aylva spilen, elts op eigen wize, in wichtige kulinêre rol oan it Stedhâlderlik Hôf yn de 18e iuw.
Dat stelt skiednisstudint Herman van Vliet (1958) yn syn masterskripsje oan de Ryksuniversiteit Grins. Van Vliet, dy't in grutte passy hat foar skiednis en itensieden, kombinearre dy twa foar syn ôfstudearûndersyk. "Ik haw my ferdjippe yn it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert yn de earste helte fan de 18e iuw, spesifiker fan 1711 oant 1747."
Yn 1711 komt stedhâlder Johan Willem Friso van Nassau-Dietz op tragyske wize om it libben. Syn frou, Maria Louise van Hessen-Kassel, letter ek wol bekend as Marijke Meu, wurdt regintes. In pear wiken letter befalt se fan soan Willem Karel Hendrik Friso. As er 18 jier is, wurdt er beneamd ta stedhâlder Willem IV fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
Oant 1747 is it Stedhâlderlik Hôf fêstige yn Ljouwert. Dêrnei wurdt Willem IV yn Den Haag stedhâlder fan de Republyk. It Hôf set Fryslân net allinnich polityk, mar ek kulinêr op de kaart.
It gewoane folk kaam soms benei om fan de honger, mar de stedhâlder iet it bêste fan it bêste.
Herman van Vliet
"De stedhâlder hie in soad oansjen. Dat liet er ek sjen troch wat der op tafel kaam." Sa hienen se oan it Hôf in eigen orangerie: in mei turf ferwaarme kas, dêr't sinesappels yn groeiden.
"It gewoane folk kaam soms benei om fan de honger, mar de stedhâlder iet it bêste fan it bêste: sitroenen, sinesappels, meloenen en asperzjes. Lúkse en goed iten joech de stedhâlder ekstra prestiizje", fertelt Van Vliet.
Herman van Vliet © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Trije persoanen dy't fan grutte wearde west hawwe foar dat oansjen, binne de Dútske hofhortulanus Johann Hermann Knoop, de Frânske sjef-kok Vincent La Chapelle en de aadlike hofdame Agatha Wilhelmina van Aylva.
"Knoop wie de grûnlizzer fan de pommology, de lear fan it fruit. Hy learde it fak fan syn heit, dy't ek hortulanus wie. Knoop wie dêrneist wittenskipper, matematikus en astrolooch. Hy wie fan de absolute top."
In oar persoan, ek mei in soad oansjen, wie sjef-kok La Chapelle. Hy stie bekend as in fernijende kok. "Hy hie earder yn tsjinst west by de Duke of Chesterfield, de ambassadeur fan Ingelân yn Nederlân. Hy makke in soad bûtenlânske gerjochten en skreau boppedat twa itensiedersboeken. Ek hy wie absolút top of the bill."
'Le cuisinier moderne' fan Vincent La Chapelle © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Hofdame Van Aylva wie fan adel en wurke mei yn de keuken. Se hie kunde oan regintes Maria Louise. Sy dielden ek wol resepten oan inoar út. Van Aylva skreau se op yn har itensiedersskrift, yn in tiid dat froulju fan adel hieltyd mear ynteresse krigen yn kulinêre keunsten. De adel en hegere boargerij lieten har ynspirearje troch de keuken fan it Stedhâlderlik Hôf.
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn petear mei Herman van Vliet
Johann Hermann Knoop lei yn Ljouwert Mariënburg oan, in grutte tún mei beammen en fruchten. "Mar der wienen ek in soad lokale taleveransiers. Sa iet de stedhâlder ek fisk, lykas oesters, en waard der wyld sketten op It Amelân en de bosken fan Oranjewâld."
Knoop ûnderhâlde kontakt mei oare túnmannen en botanisy yn Europa, dy't inoar ek rassen, lykas dy fan de ierappel, tastjoerden. "Der wie oerlis tusken túnman en sjef-kok oer wat der foarhannen wie, mar ek wêr't de sjef-kok ferlet fan hie."

Fryske gerjocht 'Poulets de vendredi à La Frisonne'

La Chapelle skreau Frânsktalige itensiedersboeken. Yn 'Le cuisinier moderne' hat er trije gerjochten opnommen mei in Frysk tintsje, ûnder oaren it gerjocht 'Poulets de vendredi à La Frisonne' (hinnefleis op freed, ek al wie it in fegetarysk gerjocht). "Willem IV wie net allinnich stedhâlder fan Fryslân, mar ek fan Grinslân en Drinte. It Fryske gerjocht moat sjoen wurde as in geunst oan Willem IV, om it Hôf yn syn itensiedersboek ekstra oansjen te jaan."

Kulinêre ynbring foar houlikskandidaat

Willem IV troude yn 1734 mei Anna van Hannover, de dochter fan de Ingelske kening. Neffens Van Vliet hawwe de kulinêre heechstannen fan La Chapelle, mar ek syn goeie relaasjes mei de Duke of Chesterfield fan mearwearde west om dat houlik ta stân te bringen.
Doch hat it feit dat de stedhâlder en syn hôfhâlding royaal te iten hienen ek in kearside, tinkt Van Vliet. "Op skilderijen sjochst faak grouwe liven en reade hollen. De minsken ieten en dronken te folle. Dat wie miskien goed foar de diplomatike belangen en it prestiizje, mar foar de sûnens wie dat it seker net. Se waarden dan ek net allegear hiel âld", beslút Van Vliet.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.