HEA! Sinnestrielskjin yn Stiens

HEA! Goeie yn Stiens
Se binne yn jierren net dien, mar no ha heit en soan Vellinga yn Stiens besletten dat de sinnepanielen op it dak wolris efkes in beurt ha kinne.
Heit Akko Vellinga woe eins allinne de daksgoaten dwaan, mar soan Menno fûn dat dan ek de panielen oanpakt wurde moasten.
Senior is bliid mei de help fan syn soan, sels doart er sa heech net mear op 'e ljedder. Bang dat se de panielen mei de boarstel beskeadigje binne se net, dy kinne dat wol ha.