Sûnder medisinen krijt Stijn (18) oanfal nei oanfal: "Tekoart kostet libbens"

Stijn © RTV NOF
Minsken dy't no medisinen nedich ha, moatte dêr moannen oant sels in healjier op wachtsje. Mar net elkenien kin wachtsje: sûnder medisyn ferfalt Stijn út Marrum fan oanfal yn oanfal.
Stijn (18) hat troch harsenletsel swiere epilepsy en krijt sûnt syn tsiende medikaasje. As in medisyn der net mear is, giet mem Ypie Kok by apoteken yn de omjouwing del, want se wit dat Stijn net sûnder kin.
"De medisinen soargje derfoar dat er noch in bytsje in libben hat, dat er noch wat meidwaan kin oan de maatskippij", fertelt Kok. "Hy hie in hiel soad swiere oanfallen. Mei tank oan de medisinen hat er wat mear rêst."
RTV NOF gie op besite by Stijn en mem Ypie:
Se meitsje har dêrom grutte soargen oer wrâldwide grûnstoftekoarten en it feit dat fabrikanten har medikaasje yn oare lannen foar in hegere priis ferkeapje kinne. Dat soarget foar grutte medisyntekoarten.
"Hy hat alve soarten medikaasje om stabyl te wurden", fertelt Kok. "In wikseling fan de medikaasje kin grutte gefolgen ha. En op it stuit binne der fjouwer middels, ynklusyf syn needmedikaasje, lestich te krijen. Dan wit ik net wat de takomst bringt."
Stijn © RTV NOF
Fersekerders beneame de medikaasje fan ien leveransier as foarkarsmiddel, wêrtroch't pasjinten allinnich dat medisyn fan harren fersekerder fergoede krije. Leveransiers fan wa't de produkten yn Nederlân net fergoede wurde, biede dêrom gjin medikaasje mear oan yn Nederlân, omdat dat net rendabel is. Gefolch is dat it tekoart oan medisinen allinnich mar grutter wurdt.

Oerstappe kin grutte konsekwinsjes ha

Húsdokters en apotekers ha dizze wike de needklok let en in brânbrief oan minister Kuipers fan Folkssûnens stjoerd. Se sjogge hieltyd faker lege laden en moatte kreatyf wurde yn it sykjen fan alternativen.
"We kijken of we met andere sterktes uitkunnen of andere merken kunnen vinden", fertelt de Hallumer húsdokter Marjan Verhoef. "Of we vragen bij buurpraktijken of het ziekenhuis of zij het hebben."
Húsdokter Marjan Verhoef út Hallum © RTV NOF
Mar by tekoarten dy't lang duorje, drûgje ek dy foarrieden op. "Dan moet je op hele andere medicijnen overstappen. En dat kan hele grote consequenties hebben."

As in kaartehûs

Dat is dus it gefal by Stijn. "Twa jier lyn moasten wy oerstappe op in oar medisyn om't in fabryk yn Nederlân dat net mear produsearre", fertelt Kok. "Hy moast binnen fiif dagen omset wurde. Mei as gefolch dat er bot efterút gie."
De kombinaasje fan pillen hâldt Stijn syn tastân noch in bytsje stabyl. Falt ien medisyn fuort of feroaret it merk, dan stoart Stijn syn sûnens as in kaartehûs yn. "It is altyd mar wer de fraach oft in nij middel foar stabiliteit soarget."
Ypie Kok jout medisinen oan har soan Stijn © RTV NOF
Der is faker gedoch mei de beskikberheid fan medisinen. Kok besiket dêrom al langer te antisipearjen op problemen. "Lange tiid yn it foar bestelle bygelyks, sadatst noch wat tiid hast, as der wer wat oan de hân is. En goed it nijs folgje. Famyljes besykje elkoar op epilepsywebsiden ek te helpen. Mar dat is gjin echte oplossing."
Dit kostet libbens.
Ypie Kok
Want der binne troch hiel Nederlân mear famyljes dy't yn sa'n situaasje sitte, neffens Kok. "We wolle graach mei ús allen dúdlik meitsje wat de gefolgen binne fan de tekoarten en it ûntbrekken fan de medikaasje. We hoopje dat de kontrôle werompakt wurdt. Dit kostet libbens."
As de kombinaasje fan medisinen net mear beskikber is, hat dat grutte gefolgen foar Stijn. Mooglik kin er dan net mear thús fersoarge wurde en moat er opnaam wurde. "Dit set ús hiele gesinslibben op 'e kop. Dy needmedikaasje is it middel dat syn libben rêdt en dat falt mooglik dus fuort. Hiel soarchlik."
Dy soargen binne der ek by húsdokters en apotekers. Sy roppe minister Kuipers op om yn te gripen. Verhoef: "Wij vragen de minister vooral om de regie te nemen en om de Inspectie Gezondheidszorg, de Nederlandse Zorgautoriteit en de zorgverzekeraars aan hun zorgplicht te laten houden."