Amin Sarr smyt Hearrenfean sa'n 13 miljoen op: "Hiel tankber foar myn tiid hjir"

Amin Sarr yn de wedstriid tsjin Vitesse fan sneontejûn © Orange Pictures
sc Hearrenfean is akkoart mei de Frânske klup Olympique Lyon oer in miljoenetransfer fan spits Amin Sarr. It soe Hearrenfean sa'n 12 à 13 miljoen euro opsmite.
Dat befêstiget technysk manager Ferry de Haan fan sc Hearrenfean nei de thúswedstriid tsjin Vitesse (1-3). Neffens De Haan binne Sarr en Lyon noch net hielendal útpraat, "maar ik ga ervan uit dat dat wel goedkomt".
Sarr sels rekkenet dêr ek op: "Noch wat medyske testen. It is in geweldige stap foar my nei in moaie klup en in moaie stêd."
Hearrenfean kocht Sarr in jier lyn foar 2,3 miljoen fan Malmö. De 21-jierrige jeugdynternasjonal hie noch in kontrakt oant en mei de simmer fan 2025.
Amin Sarr oer syn oansteande oerstap nei Olympique Lyon
De Sweed hat in moai jier hân yn Fryslân, seit er. "Ik wie hjir hiel gelokkich. Hearrenfean is in moaie klup, ik ha hjir freonen foar it libben makke. Ik bin hiel tankber foar myn tiid hjir."
In bedrach fan goed tsien miljoen kin Hearrenfean net wegerje, jout De Haan oan. "Je verliest een speler met specifieke kwaliteiten, maar we leven ook van zulke transfers, daar moet je ook niet moeilijk over doen."
De earste ynteresse fan Lyon kaam ôfrûne tongersdei pas. "Het was niet zo'n spetterend bod om te beginnen, maar uiteindelijk hadden we wel in de gaten dat het de kant op ging waar wij geen nee tegen konden zeggen, zo reëel moet je ook wel zijn."
Ferry de Haan oer Amin Sarr, Sydney van Hooijdonk en Milan van Ewijk
Hearrenfean is dwaande mei in ferfanger foar Sarr, al wol De Haan noch gjin nammen jaan. "We hebben wat op een lijstje staan, we zijn druk bezig." Ald-Hearrenfeanspits Bas Dost stiet yn alle gefallen net op dat listje, seit De Haan.
Der sille nei alle gedachten gjin spilers mear fuortgean. Sydney van Hooijdonk seach in wike lyn net mear in soad perspektyf, "maar ik ga ervan uit dat dat nu anders is", seit De Haan.
Ferdigener Milan van Ewijk soe ek yn de belangstelling stien ha fan ferskate klups. "Maar dat is alleen bij geruchten gebleven. Wat ons betreft is de deur dicht. Of er moeten weer zulke bedragen komen, maar daar ziet het voorlopig niet naar uit."

Allinnich Alves en Sulejmani djoerder

As Sarr yndie foar 12 à 13 miljoen ferkocht wurdt, soe hy de op twa nei djoerste ferkeap fan Hearrenfean wêze. Allinnich Afonso Alves (17 miljoen) en Miralem Sulejmani (16,25 miljoen) smieten de Friezen mear op.
Sarr stie sneontejûn noch yn de basis by Hearrenfean tsjin Vitesse. Dat wie, as alles yndie rûnkomt, syn lêste wedstriid yn it pompeblêdeshirt.
De Nederlânske (en Frânske) transferperioade rint noch oant en mei 31 jannewaris. Oant dy tiid kin Hearrenfean dus noch spilers keapje.