Wadvaarders wolle hurdfarferbod op Waadsee: 'Minsken oerboard troch golfslach'

In man fart mei grutte snelheid yn in speedboat oer de Waadsee © ANP
De wettersportferiening Wadvaarders pleitet foar in hurdfarferbod yn it Waadgebiet. Dat sei foarsitter Rob Leemans op de jierlikse Wadvaardersdei yn de Maritieme Academie yn Harns.
Hurd farre feroarsaket ûnfeilige situaasjes en oerlêst, fine de Wadvaarders. Dêrom moat der in algemien ferbod komme mei útsûnderingen foar helptsjinsten, feartsjinsten en taksys.
Snelvaren hoort niet in een natuurgebied.
Rob Leemans, Wadvaarders
"Snelvaren hoort niet in een natuurgebied dat ook nog eens Werelderfgoed is", ljochtet Leemans it idee ta. It is net feilich omdat hurdfarrende boaten ûnberekkenber fan koers binne. It is dreech yn te skatten wêr't se hinne farre, sa hat ek bliken dien by it fatale ûngelok yn it Skûtegat by Skylge, yn oktober.
De wettersportferiening Wadvaarders wol in hurdfarferbod op Waadsee
Boppedat jout hurdfarren hege weagen. Leemans hat foto's sjoen fan minsken dy't dêrtroch oerboard slein wiene. "Ik heb foto's gezien van mensen die bij het voorstag staan en even later hangen ze naast de boot. Mensen vallen van banken af. Chaos aan boord."
En it lûd is ek nochris steurend. Leemans seit der wol by dat guon hurdfarders rekkening hâlde mei oare skippen en boaten op it wetter. Dy hâlde efkes yn en smite it gas der wer op as se foarby binne.

Holwert oan See

De Wadvaarders soene ek hiel graach wolle dat se by Holwert oan See mei in jacht nei binnen kinne, as it projekt klear is. Rykswettersteat is dêr no net sa happich op yn ferbân mei de fearboat dy't flakby it doarp oanleit oan de daam achterdyk.
Der is ek wol praat oer in oare fearhaven oan djipper wetter dat net sa gau tichtsliket. As dat trochgiet, soe in ynlit foar boaten by Holwert oan See miskien wol mooglik wêze.
De Wadvaarderstrofee giet dit jier nei de Stichting Netwerk Waterrecreatie © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Op de Wadvaardersdei kamen sneon sawat twahûndert dielnimmers ôf. Der wiene lêzingen en workshops te folgjen. Dielnimmers koene der ek by wêze mei in livestream. De jierlikse trofee fan de de Wadvaarders giet dizze kear nei de Stichting Netwerk Waterrecreatie.