Moarn lang om let earste maratonwedstriid op Weissensee

De Weissensee yn Eastenryk © ANP
De maratonreedriders kinne snein lang om let los op de Weissensee yn Eastenryk. De ôfrûne dagen waarden ferskate wedstriden skrast omdat der te folle snie op it iis lei.
Moarn kin it Iepen Nederlânsk Kampioenskip dan dochs ferriden wurde. Betingst wie wol dat de wedstriden om 11.00 oere klear binne. De manlju begjinne dêrom al om 07.30 oere oan in race oer 120 kilometer. De froulju starten dêr flak achteroan en ride 80 kilometer.
Earder dizze wike waarden de Aart Koopmans Memorial foar wedstriidriders en de Alternative Alvestêdetocht foar toerriders skrast. It Iepen Nederlânsk Kampioenskip soe eins hjoed al ferriden wurde, mar is dus ferpleatst nei moarn.
It is de bedoeling dat der moandei en woansdei noch twa wedstriden riden wurde op de Weissensee.