Boargemaster Van de Pol hâldt opsjes iepen yn bestjoerskrisis: "Ik denk na"

It cv fan Caroline van de Pol © Omrop Fryslân
De kâns liket grut dat Caroline van de Pol opstapt as boargemaster fan Skylge. Kommende wike hat se in petear mei kommissaris fan de Kening Arno Brok oer har al of net oanbliuwen.
Fan 'e wike liet de gemeenteried fan it eilân op 'e nij witte net fierder mei har te wollen, en ek de twa wethâlders ha it fertrouwen yn Van de Pol opsein.
De 60-jierrige Van de Pol, dy't yn oktober 2020 beneamd waard ta boargemaster fan Skylge, seit dat se it petear mei kommissaris Brok ôfwachtsje wol en dêrnei in definityf beslút nimme sil.
"Ik denk na. Er zijn een tweetal mogelijke trajecten. Het ene is het zakelijke traject." Se doelt dêrmei op it petear mei Brok. "Ik weet niet hoe dat gesprek zich gaat ontwikkelen. Het tweede traject, en dat is waar ik over nadenk samen met mijn partner, is hoe ik er zelf in sta. Daar ga ik heel goed over nadenken."
Boargemaster Caroline van de Pol tinkt nei oer twa mooglike trajekten
De boargemaster seit it spitich te finen dat de ried neat dien hat mei it rapport fan âld-steatssekretaris Geke Faber. Sy ûndersocht yn opdracht fan de provinsje de bestjoerskrisis op it eilân.
Van de Pol is it der mei iens dat, as der neat feroaret yn de fertrouwenskrisis, trochgean gjin opsje is. Se bliuwt lykwols optimistysk. "Ik ben een ongelooflijk positief mens. Daarom vind ik het ook zo jammer dat het met die motie van wantrouwen is geëindigd, want uit het rapport blijkt dat ik niets verkeerd heb gedaan."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Caroline van de Pol.
Se is teloarsteld dat de ried him net iepensteld hat foar de oanbefellings yn it rapport-Faber, mar fêsthâldt oan de eigen oertsjûging. "We hebben van de week 2,5 uur met elkaar een raadsvergadering over dit onderwerp gehad en de uitkomst stond al vast. En misschien al twee weken of misschien wel al vier maanden."
De oanlieding foar de fertrouwenskrisis op Skylge is fertroulik
De boargemaster seit noch altyd gjin idee te hawwen wêrom't it fertrouwen yn har opsein is. Neffens har waard dat ek net dúdlik by de lêste riedsgearkomste. "Dat is dus niet boven tafel gekomen", seit se mei klam.
Ein oktober sei de ried it fertrouwen yn Van de Pol ek alris op. "Daar heeft dit mee te maken", seit se. Wat dat dan krekt is, wol se net kwyt. "Ik zou het persoonlijk heel prettig vinden als de vertrouwelijkheid eraf ging. Laat ik het zo zeggen, als de vertrouwelijkheid eraf is, dan is dat in mijn voordeel en niet in het voordeel van een ander."
Waarom zou ik met modder moeten gooien?
Caroline van de Pol, boargemaster fan Skylge
Dy fertroulikheid soe har skea oandwaan, mar fierders wol Van de Pol der gjin wurden oan smoarch meitsje.
"Waarom zou ik met modder moeten gooien? Ik vind het niet fijn om in de openbaarheid mensen misschien wel te beschadigen. Ik laat het voor wat het is. Als het mij beschadigt, dan moet dat maar. Het komt vanzelf een keer bovendrijven."
Van de Pol seit in soad stypjende reaksjes te krijen. "Ik heb, dat had ik eind september al en nu weer, zoveel bijzondere reacties ontvangen. Er zijn ook mensen die op social media hun profielfoto op zwart hebben gezet, omdat het een zwarte dag is. Ik hoorde dat er een Terschellinger vlag op zijn kop hangt. Ik krijg zoveel steunbetuigingen."
"Ik was hartstikke boos", seit Caroline van de Pol oer it debat yn septimber
Dochs jout se ek ta dat har optreden by it debat oer it evenemintebelied yn de gemeenteried ferline jier net wie sa as dat heart by in boargemaster.
"Ik ben dat debat in september met gestrekt been ingegaan. Dat had niet zo gemoeten. Ik was hartstikke boos. En het is niet slim om te debatteren als je boos bent. Het is ook niet erg burgemeesterlijk, maar misschien mag je het wel menselijk noemen. Ik had dat natuurlijk een stuk diplomatieker moeten aanpakken."
It beslút om al of net op te hâlden as boargemaster fan Skylge tinkt Van de Pol kommende wike te nimmen. Lang sil se yn alle gefallen net thús sitten bliuwe, seit se. "Als er hier een deur dichtgaat, gaat er elders weer één open."
De cartoon oer Caroline van de Pol © Omrop Fryslân